De Feriening Freonen fan Omrop Fryslân (FOF), is de ‘fanclub’ fan de Omrop. It doel fan de feriening is it stribjen nei in goede publike Fryske Omrop foar radio en televyzje. De FOF soarget foar ynformaasje oer Omrop Fryslân en stipet Omrop Fryslân by syn doelstellings en aktiviteiten.
De FOF hâldt kontakt mei har leden fia it ledeblêd Each en Ear, dat fjouwer kear yn it jier útkomt. Se organisearje ekskurzjes yn de maitiid, lêzings, in jiergearkomste yn maart en in kulturele jûn yn 'e hjerst. Ek organisearje de Freonen ekskurzjes mei in besite oan in rjochtstreeks radio- of televyzjeprogramma.
Fia de Freonen fan Omrop Fryslân krije de leden ek faak koartings op Fryske boeken en CD' s.
Wolle jo ek graach freon wurde fan de FOF?
De ledebydrage is min. € 9,- yn it jier.
Jo kinne belje 058-2153375 (woansdeitemiddei) of 06-4390 3180.
Nije leden krije in moaie FOF-pinne en boppedat krijt eltse 25e nije Freon in CD út de websjop fan Omrop Fryslân.
De frijwillichsters fan de Freonen fan de Omrop Ans, Anneke en Gea organisearje û.o. ekskurzjes, lêzings, kulturele junen, de jiergearkomste en it jierlikse reiske yn de maitiid. As jo lid wurde foar € 9,00 yn it jier, dan kinne jo hjiroan dielnimme. Ek ha jo dan tal fan oare foardielen. Sjoch ûnder 'lid wurde'.
Jo kinne op ferskate wizen kontakt opnimme mei de FOF, bygelyks fia de mail: freonen@omropfryslan.nl of troch in briefke te stjoeren nei:
Feriening Freonen fan Omrop Fryslân
Postbus 7600,
8903 JP LJOUWERT
|
Brân by Lankhorst yn Snits
17 mei 2012 - 12:50 |
|
Frou omkaam by brân Kollum
17 mei 2012 - 10:24 |
|
Blomkemerk Ljouwert los
17 mei 2012 - 09:07 |
|
Nei 16 jier wer in nij skip
16 mei 2012 - 20:44 |
|
Rom baan foar Keninginne
17 mei 2012 - 15:49 |
Wat fine jo derfan?
antwurdapparaat: 058 7009 777
Of fol hjir it formulier yn.