Feriening Aldgillis sliept yn
De Fryske Studinteferiening Aldgillis fan Delft giet fierder sûnder leden. Aldgillis - neamd nei ien fan 'e âld-Fryske Keningen - hat gjin leden mear en sil dêrom gjin aktiviteiten mear op priemmen sette.
Dochs wurdt Aldgillis net opdoekt. As der wer Frieze yn Delft komme dy't de tried wer oppakke kinne, dan kin dat altyd, sa lit Aldgillis witte.