Zylstra: in grut steatsman

© Omrop Fryslân
Nederlân en Fryslân ferlieze mei Jelle Zylstra in grut steatsman. Dat seit foarsitter Visser fan CDA-Fryslân. Jelle Zylstra hat neffens Visser syn Fryske komôf nea fersake, al liet er him der ek net op foarstean. Zylstra wie neffens Visser 'nuchter en emosjoneel'.
Ald-premier Piet de Jong neamde Zylstra moandei 'ien fan 'e grutste politisi fan 'e lêste 50 jier'.