Enkête oer priis fan pontsje

© Omrop Fryslân
Brûkers fan it pontsje by Earnewâld kinne meiprate oer de oertocht. Enketeurs sille fan it simmer nei de priis fan de oertocht freegje.
De gemeente Tytsjerksteradiel wol it bedrach mei in kwartsje ferheegje nei ien gûne. De stichting dy't it pontsje fart, tinkt lykwols dat it dan te djoer wurdt. De enkête moat dúdlikheid bringe. Dit jier is der in tekoart fan 30.000 gûne.