Nij muzykevenemint yn Ljouwert
Ljouwert krijt dizze simmer in nij muzykevenemint: Aqua Dance. Wethâlder Brok makke tiisdei bekend dat it festival yn augustus plakfine sil yn de Griene Stjer. Yn 1998 wie dêr ek it festival Frozenland.
Aqua Dance wurdt organisearre troch Valley of the North, dy't wol faker soks docht. Der komme 100 dj's en der wurde 30.000 besikers ferwachte.