Fierljeppen

De fierste ljeppers fan Fryslân

Dêr wolst it net mei oan de stôk krije!
Fleane yn ‘e polsstôk, nei de top klimme en safier as mooglik útspringe op it sân oan de oare kant fan de sleat. De wedstriden dy’t fan it simmer sprong wurde, belove wer in hiel spektakel te wurden. Wa set in nij rekôr? Op sneon 12 augustus is it FK Fierljeppen live te folgjen by Omrop Fryslân op radio, telefyzje en ynternet. Wy sitte boppe-op de earste oant en mei de lêste sprong en bringe dy op 'e hichte fan alle nije, ûnferwachte, nuvere en moaie dingen. Foarôfgeand binne der op de radio op freed 11 augustus fan 18.00 oere ôf foarbeskôgingen te hearren yn it Fierljep Kafee. En do bist dêr fansels wolkom!

(advertinsje)
(advertinsje)