Fiel de Nacht

Prate oer it libben, stil wêze fan de natuer, pikerje oer it tsjuster en dreame oer de nije dei. Omrop Fryslân presintator Bart Kingma praat yn it nachtlike onlineprogramma ‘Fiel de Nacht’ mei Marijke Roskam, Jan Posthuma, Rients Ritskes, Greetje Bijma en Bearn Bilker oer harren libben en driuwfearren. Dat alles bart fan in unike lokaasje op It Amelân ôf; de uterste eastpunt, middenyn de dunen fan It Oerd fan It Fryske Gea.

Fiel de Nacht is fan 19 o/m 23 juny alle dagen fan 21.00 oant 6.00 oere fia in livestream op Omropfryslan.nl en de Omrop-app te sjen. It is de twadde kear dat Omrop Fryslân it programma de hiele nacht livestreamt. Oan de ein fan it jier wurde de nachtlike petearen nochris gearfette ta kompakte útstjoeringen. Dy wurde rûn de krystdagen op telefyzje útstjoerd.

(advertinsje)