K-rûte fan 25 jannewaris 2012

See video

Yn dizze K-rûte de folgjende ûnderwerpen:
* "It geheim fan 'e Kânselier" fan Tryater
* Poppespiler Jan Doedel
* De Mudbirds nei Memphis
* Utrikking Jongeren Designpriis

 
Tryater spilet ‘It geheim fan 'e Kânselier’
Tryater komt ein dizze moanne mei in nije famyljefoarstelling: ‘It geheim fan ‘e Kânselier’. It ferhaal is skreaun troch skriptskriuwer/komponist Peter Sijbenga en regisseur Bram de Goeij. By it teaterstik sit ek live-muzyk. Piter Wilkens hat in rol as Bline Arend, de sjongende cowboy.
It ferhaal giet oer de aventoerlike syktocht fan it jonkje Keimpe. Keimpe en syn bêste maat Skiep wenje yn in alderaardichst doarpke. Dat doarpke leit yn it lân, dêr’t Kânselier Pondereus al jierrenlang regearret oer jong en âld en elkenien. Mar Keimpe is syn heit kwyt. Mem seit dat er dea is, mar dat wol Keimpe net leauwe. Hy beslút om syn heit te sykjen en bedarret yn in gefaarlik aventoer. Keimpe komt yn 'e kunde mei opstannich merkefolk. Bringe dizze nije freonen him tichteby syn heit, of just net? Miskien moat er better lústerje nei Bline Arend, foar wa’t it ferline en de takomst gjin geheimen hat.
‘It geheim fan 'e Kânselier’ wurdt spile fan 24 jannewaris oant en mei 28 april rûnom yn Fryslân. Fan 8 jier en âlder.
www.tryater.nl

 
Poppespiler Jan Doedel:
It poppespul, bestiet dat noch? Jawis! Fryslân hat der sels in tradysje yn, mei mannen lykas Feike Boschma.
Yn Tsjerkgaast wennet op in âlde pleats Jan Visser (68), artystenamme: Jan Doedel. Mei syn frou Trudy jout hy foarstellings wannears't mar wolst. Eltse moanne in nije produksje. Mar net mear op lokaasje, want dat jout tefolle gedoch. Alles meitsje se sels, de dekôrs, de poppen en alle oare de attributen. De programmamakkers fan K-rûte wienen by Trudy en Jan te gast om te sjen wat se krekt dogge en om út te finen hoe't it mei it poppespul anno 2012 stiet. It wie woansdeitemiddei, dus de kâns op bern wie grut!

 

The Mudbirds:
Alan Laws en Rene Tweehuysen binne buormannen yn Aldebiltsyl.
Tegearre foarmje sy it bluesduo 'The Mudbirds' en net sûnder sukses, want yn oktober 2011 wûnen sy mei harren wurk de 'Dutch Blues Challenge 2011'.
Dy priis hâldt yn dat sy dit jier Nederlân fertsjinwurdigje op de 'International Blues Challenge' yn Memphis. 
Blues fan ynternasjonale alluere dus en dat is wol hiel nijsgjirrich, want Memphis is net it minste plak foar in bluesleafhawwer.
Earne yn in lyts atelier yn Aldebiltsyl ûntstiet harren lûd en dêr sochten wy harren op foardat se op reis sille.

(advertinsje)

Uitzending gemist

Sjoch video
Hjoed fan 17 maaie 2012
Sjoch video
Skûtsjes los yn Lemster Baai
Sjoch video
Blomkemerk Ljouwert los
Sjoch video
Skuorren yn Lemster huzen
Sjoch video
Frou omkaam by brân Kollum
Sjoch video
It waar fan tongersdei 17 maaie 2012
Sjoch video
Brân by Lankhorst yn Snits
Sjoch video
Frou omkaam by brân Kollum
Sjoch video
K-rûte 16 maaie 2012
Sjoch video
It waar fan 16 maaie 2012
Sjoch video
Moaiste skonken komme út FRL
Sjoch video
Soad belangstelling CDA debat
Sjoch video
'Superbus yn plak fan trein'
Sjoch video
Ekskurzje om by te praten
Sjoch video
12 jier sel yn saak Bouma
Sjoch video
Peter R. de Vries oer Marianne

It nijs yn 1 minút

(advertinsje)

Reade Tried

Wa't in Facebook-account hat, moat net seure oer privacy
Iens, tsjinwurdich wurdt werklik alles dield. Gjin wûnder dat advertearders dêr ynteresse yn hawwe
42%
Ûniens, dat ik sels in Facebook-account ha wol net sizze dat myn gegevens as hannelswaar brûkt wurde meie
36%
Wit net, ik sit net op Facebook
21%
Totaal tal stimmen: 113

Wat fine jo derfan?

readetried@omropfryslan.nl

antwurdapparaat: 058 7009 777

Of fol hjir it formulier yn.

Nijs NOS.nl