K-rûte fan 22 febrewaris 2012

See video

Teater Smoar

Omdat bern hieltiid earder begjinne mei drinken hat Verslavingszorg Noord Nederland Teater Smoar frege in foarstelling te ûntwikkeljen foar de basisskoalle.

Boekjes en oar lesmateriaal is foar bern net altyd like sprekkend. In foarstelling nimt de bern mei, lit se neitinke en ferwûnderje. Faak hat de teatergroep nei in foarstelling de moaiste en iepenste petearen mei de klasse.

Noortje Vos en Anne Zijlstra binne Teater Smoar. Se foarmje in lyts twamans bedriuwke dat edukatyf teater makket. Dizze wiken reizgje se by de basisskoallen lâns mei de foarstelling 'Afslag'. In foarstelling dy't giet oer kieze, groepsdruk, opkomme foar josels, alkohol en drugsgebrûk. De K-rûte gie in dei mei har mei.

Amsterdam Fashion Wike

Fan 25 oant 29 jannewaris wie yn Amsterdam de Amsterdam Fashion Week.
It twajierlikse en grutste moadefeest fan ús lân.
De tongersdei stie dizze edysje yn it ljocht fan it oanstoarmjend talint.
In spesjaal útnoege groep designers krige dy dei yn saneamde LABshows de kâns om harren wurk te toanen oan it publyk en de parse. Under dat talint dit jier ek twa Fryske ûntwerpers: Marije de Haan (Stiens, 1985) en Winde Rienstra (It Hearrenfean, 1981). Beide mei in hiel ferskillende styl, mar neffens de kenners bysûnder en de muoite wurdich.
Fansels sochten wy dat út.

Karin Bloemen & Iris Kroes

Sneontejûn 18 febrewaris is de Lawei skjin útferkocht. Dat komt omdat dêr de 25e edysje fan It Valentijnskonsert plak hat. It jierlikse hichtepunt fan brassband De Bazuin út Oentsjerk. Sneon foar de 25e kear, dus dat is dizze kear in jubileumedysje. Elk jier docht de brassband har bêst om grutte namme te strikken foar dit konsert en dit jier binne dat der mar leafst twa: kabaretjêre en sjongeres Karin Bloemen en Voice Of Holland winneres Iris Kroes.

(advertinsje)

Uitzending gemist

Sjoch video
Hjoed fan 17 maaie 2012
Sjoch video
Skûtsjes los yn Lemster Baai
Sjoch video
Blomkemerk Ljouwert los
Sjoch video
Skuorren yn Lemster huzen
Sjoch video
Frou omkaam by brân Kollum
Sjoch video
It waar fan tongersdei 17 maaie 2012
Sjoch video
Brân by Lankhorst yn Snits
Sjoch video
Frou omkaam by brân Kollum
Sjoch video
K-rûte 16 maaie 2012
Sjoch video
It waar fan 16 maaie 2012
Sjoch video
Moaiste skonken komme út FRL
Sjoch video
Soad belangstelling CDA debat
Sjoch video
'Superbus yn plak fan trein'
Sjoch video
Ekskurzje om by te praten
Sjoch video
12 jier sel yn saak Bouma
Sjoch video
Peter R. de Vries oer Marianne

It nijs yn 1 minút

(advertinsje)

Reade Tried

Wa't in Facebook-account hat, moat net seure oer privacy
Iens, tsjinwurdich wurdt werklik alles dield. Gjin wûnder dat advertearders dêr ynteresse yn hawwe
42%
Ûniens, dat ik sels in Facebook-account ha wol net sizze dat myn gegevens as hannelswaar brûkt wurde meie
36%
Wit net, ik sit net op Facebook
21%
Totaal tal stimmen: 113

Wat fine jo derfan?

readetried@omropfryslan.nl

antwurdapparaat: 058 7009 777

Of fol hjir it formulier yn.

Nijs NOS.nl