Muzykteaterstik Faderpaard

In oade oan it Fryske hynder’ wurdt it neamd, it muzykteaterspektakel Faderpaard. Dat bysûndere teaterstik mei mear as hûndert Fryske hynders fûn yn jannewaris 2014 plak yn it ramt fan it 135-jierige jubileum fan ‘Het Koninklijk Friesch Paarden-Stamboek’.

It muzykteaterstik Faderpaard is ynspirearre op it ferneamde gedicht ‘It Faderpaard’ fan de Fryske dichter Tsjêbbe Hettinga. Yn it stik fan regisseur Jos Thie komme hynders, muzyk, teater en poëzy byelkoar. Thie hat der in ôfwikseljende show fan makke troch te spyljen mei tradisjonele hynstesportûnderdielen yn kombinaasje mei poëzy en muzyk. Oan it teaterspektakel wurken mear as hûndert akteurs en musisy mei, wêrûnder Gerrit Breteler en Brigitte Kaandorp.

In wichtige rol is weilein foar Théatre du Centaure út Marseille, ûnder oaren bekend fan Oerol mei in foarstelling fan Fryske hynders, filmprojeksjes en poëzy. Ek Blythe Brown, de frou fan thrillerskriuwer Dan Brown docht mei. Sy lit har Amerikaanske show ‘Behind the mask’ sjen. Sjongeres Nynke Laverman en musikus Sytze Pruiksma fersoargje de muzyk. It dekôr wurdt foarme troch filmbylden op in byldskerm fan 8 by 40 meter.

(advertinsje)
(advertinsje)