Hynstekeuring

It Frysk Hynder stiet 12, 13 en 14 jannewaris 2017 wer yn de ‘spotlights’ by de jierlikse hynstekeuring fan ‘Het Friesch Paarden-Stamboek’ yn Ljouwert. Sneon 14 jannewaris stjoert Omrop Fryslân de keuring fan de stamboekhynsten live út op Omrop Fryslân Telefyzje, Omropfryslan.nl en de Omrop-app fan 8.30 oere ôf. Sjoggers kinne reagearje fia sms: 06 20 499 199 en twitter: #HK17.

By de bylden fan de hynstekeuring op sneon wurdt live kommentaar jûn troch presintator
Gerrit de Boer fan Omrop Fryslân en saakkundige Henk Dijkstra fan ‘Het Friesch Paarden-Stamboek’. It kommentaar wurdt ôfwiksele mei ynterviews. Foar bûtenlânske sjoggers is de útstjoering op ynternet te folgjen mei Ingelsk kommentaar en Dútsk kommentaar. Njonken de keurings binne der showrubriken te sjen, mar it hichtepunt fan de dei is alle jierren de beneaming fan de ‘Kampioen stamboekhynst’. Hokker hynst sil op 10 jannewaris de titel bemachtigje? Dat wurdt tusken 17.00 en 17.30 oere bekend.

(advertinsje)

2017

    De hynstekeuring troch de eagen fan de eigeners fan Jasper 366.

    Tsjalling de Boer is de foarbringer fan sa'n tsien dekhynsten op de Fryske hynstekeuring.

    Tsjalling de Boer fan Sint-Jânsgea is de foarbringer fan sa'n tsien dekhynsten op de Fryske hynstekeuring. Hy rint foar meardere stâlen. Dit is dé dei fan it jier foar Tsjalling. It hiele jier wurket hy hjir nei ta. De adrenaline jaget him dan ek troch it liif.

    Jasper 366 is de âldste hynst op de Hynstekeuring fan 2017

    De dekhynst Jasper 366 is de âldste hynst dy't sneon wer meistride sil op de Fryske hynstekeuring yn it WTC yn Ljouwert. Jasper 366 is in wiere grutheid yn de Fryske hynstewrâld. Mar foar fokker en eigener Teake Wijma en syn dochter Baukje is it ek gewoan Jasper dy't by harren húshâlding heart. Se hoopje dat it pubyk ek dit jier wer op op 'e banken stiet at Jasper sneon op it toaniel ferskynt.

    De lêste trainings foar de Friesian Proms

    It is hast safier, tongersdei set it evenemint Faderpaard útein mei as hichtepunt de Fryske hynstekeuring op sneon yn it WTC yn Ljouwert. Ek op de Egberdina Hoeve yn Nijeveen rint de spanning op. Susan Bouwman traint dêr in tal Fryske hynders dy't meidogge oan it muzikale showprogramma Friesian Proms. In show mei spektakulêre acts mei it Fryske hynder yn de haadrol.

    Age Okkema libbet ta nei Faderpaard 2017

    Age en Marieke Okkema leveren mei harren hynsten Jehannes 484 en Tsjalle 454 de kampioen op de hynstekeuringen fan de lêste twa jier. Op harren hynstebedriuw yn Siegerswâld wurdt hurd wurke om dat keunstke dit jier nochris te werheljen.

    Pieter Okkema fan Wytmarsum fertelt oer Rommert 498

    Pieter Okkema fan Wytmarsum besiket al jierren om in selsfokte hynst yn it stamboek opnaam te krijen. En dit jier is dat foar it earst slagge mei Rik van de Noese Hoeve. Rik dy’t as stamboeknamme Rommert 498 krijt, sil dit jier op de keuring te bewonderjen wêze. Pieter Okkema is de heit fan Age Okkema, dy’t mei syn beide hynsten Jehannes 484 en Tsjalle 454, de leste twa jier kampioen waard op de hynstekeuring.

    By de gebroeders Van Manen

    De gebroeders fan Manen út Ede foarmje al jierren in begryp yn de wrâld fan it Fryske hynder. Ferskate kampioenen werûnder de tige ferneamde Beart 411 komme der wei. Mar eins binne de trije broers noch mar krekt mei Fryske hynders dwaande.

    2016

    2014

    2013

    Hea! by de Hynstekeuring

      Stâlmaster Sijbren Reitsma

      Sijbren Reitsma fan Ingwierrum hat syn hiele libben tusken de Fryske hynders sitten. Hy is al jierrenlang stâlmaster by de hynstekeuring yn it WTC Expo. Hy besiket alles achter de skermen yn goeie banen te lieden.

      Rudolf hat it Fryske hynder fan ôffalhout makke.

      Rudolf de Jong fan Aldhoarne hat in passy foar Fryske hynders. Hy hat der sels fjouwer. Mar no hat hy der ek noch ien yn syn wurkpleats stean. Rudolf hat dit Fryske hynder hielendal fan ôffalhout makke. Syn hynder wurdt de eyecatcher yn de hal fan it WTC-Expo by de hynstekeuring yn Ljouwert. It houten hynder moat dus op transport en dat hat noch hiel wat fuotten yn 'e ierde.

      (advertinsje)
      (advertinsje)