Berjocht út Europa

751 politisy út 28 lidsteaten (meikoarten 27) yn ien grutte fergaderseal. Dat is it Europeesk Parlemint, dat, frjemd genôch, dan wer yn Straatsburch en dan wer yn Brussel byinoar komt. It liket fier fuort, mar dat is it net as je sjogge nei de ynfloed fan Europa op ús deistich libben. Of it no om de euro giet, om de motors yn ús stofsûgers of it tal kij dat in boer hâlde mei, Europa bepaalt hieltiid faker de regels. Neffens minsken dy’t der ferstân fan hawwe hat de Europeeske Uny al ynfloed op 80 oant 90 persint fan de nasjonale wet- en regeljouwing. Dit ta argewaasje fan in groeiende groep Eurokritisy, dy’t fynt dat ‘Brussel’ fierstente machtich wurden is.

Der sitte ek Friezen yn it Europeesk Parlemint. Feehâlder Jan Huitema út Makkingea fan de pro-Europeeske VVD is tanksij syn kampanje op de trekker al aardich bekend. Dat jildt folle minder foar de twadde Fries yn it Europeesk Parlemint. Auke Zylstra fan de tige Eurokrityske PVV is hikke en tein op De Jouwer. Zylstra hat grutte bewûndering foar Ingelân en ‘Brexit’. As it oan him leit, krijt de Nederlânske kiezer ek de kâns om him yn in referindum út te sprekken foar of tsjin it lidmaatskip fan de Europeeske Uny.

Troch ‘Brexit’, de flechtlingekrisis, de lânboukrisis en de eurokrisis is de Europeeske Uny hieltiid mear in kreakjende wein wurden, dy’t fan krisis nei krisis hobbelet. Benammen de direkte ynfloed fan Europa op it libben fan minsken en organisaasjes yn Fryslân is foar Omrop Fryslân oanlieding om ien kear yn ‘e moanne de temperatuer op te nimmen yn it Europeesk Parlemint.

(advertinsje)

22 des.: Lânboukommissaris Phil Hogan oer jonge boeren, fosfaat en bûter, brea en griene tsiis

Sûnt it ôfskaffen fan de superheffing yn april 2015 is de molke- en strontproduksje benammen yn twa Europeeske lannen út de bocht flein. Yn Nederlân en yn Ierlân, it heitelân fan lânboukommissaris Phil Hogan. Yn Ierlân kinne boeren rekkenje op stevige boetes as se oer de ôfsprate maksima hinne geane, mar de Nederlânske oplossing is der noch net. De sprekbeurt fan lânboukommissaris Hogan op de lededei fan LTO Noord yn Grins komt dan ek op in strategysk momint. Hogan wol sels graach safolle mooglik mei gewoane boeren prate om te hearren wat harren dwaande hâldt. Ferskate boeren wurde útnûge om Hogan in krityske fraach te stellen. Om de kommunikaasje maklik te meitsjen wurdt alles live oerset yn it Ingelsk (foar Hogan en syn meiwurker) of yn it Nederlânsk (foar alle oaren). Jonge boer Arjen Sinnige fan Hurdegaryp is ien fan de boeren dy't Hogan in fraach stelle mei. Hy wol graach fan de lânboukommissaris wite wannear't er begjinne kin om keunstdong te winnen út stront. 

Hogan begjint syn taspraak mei sjerp; Nederlân wie altyd in foarbyld foar him, doe't er sels noch in jonge boer wie yn it suden fan Ierlân. Hy rekkenet der dan ek op dat Nederlân mei in ferstannige oplossing komt foar it aktuele fosfaatprobleem. Jonge boeren moatte har fral net ûntmoedigje litte troch dat probleem, want de takomst foar boeren op de wat langere termyn is sûnder mis 'bright'. Hogan hat syn amtners de ynstruksje jûn om 'posityf te sjen' nei in mooglike oplossing foar it Nederlânske fosfaatprobleem, mar de man kin noch gjin útslutsel jaan. Dêr is tiid foar nedich en oerlis mei miljeu-kommissaris Karmenu Vella, want dy hat it lêste wurd.

Gjin dúdlikheid oer fosfaat, mar wol in 'positive stimming'

De lededei fan LTO-Noord lûkt mear as 800 boeren út Fryslân, Grinslân en Drinte nei Martiniplaza, Foar harren is it likegoed in reüny en it bypraten mei kollega's en kunde as in gearkomste. En it is ek in ôfskied fan âlde LTO-bestjoerders lykas Geart Kooistra fan Ie, de lêste foarsitter fan LTO-Fryslân. Hy krijt in miniatuer keunstko foar syn krewearjen en hat der dúdlik aardichheid oan om syn kollega's yn Grins ek - foar in part - yn it Frysk ta te sprekken. Ek Kooistra is, mei Hogan, posityf oer de takomst. Fansels, it fosfaat-probleem is mear as ferfelend, mar it perspektyf foar de wat langere termyn is sûnder mis goed te neamen, fynt Kooistra. Boppedat lit de oanwêzichheid fan Hogan sjen dat de LTO der yn Brussel ta docht en meipraat op it heechste nivo.

Tusken de regels troch lit Hogan ek wol wat krityk hearre. "This issue should have been resolved much earlier by the Dutch Ministery of Agriculture." Mei oare wurden: Nederlân is wol hiel let om de derogaasje foar 2018 feilich te stellen. Bykommend probleem is dat Nederlân hielendal gjin ministearje fan lânbou mear hat. Lânbou is net mear en net minder as in ûnderôfdieling fan it ministearje fan ekonomyske saken, mar as it oan LTO leit krijt Nederlân nei de ferkiezings wer in apart lânbouministearje. Yn Nederlân meitsje benammen boeren yn Fryslân, de kop fan Oerisel en it easten fan Súd-Hollân gebrûk fan derogaasje, wat delkomt op tastimming om mear stront oer it lân te bringen as de gewoane Europeeske noarm. Ferlies fan dizze mooglikheid soe betsjutte dat Nederlân mei-inoar sa'n 480.000 kij ynleverje moatte soe. Oer it hiele lân kin dat wolris in pear tûzen boerebedriuwen de kop kostje. In needsenario, dat fral yn Fryslân hurd oankomme soe.

It ynleverjen fan 160.000 kij neffens it fosfaatreduksjeplan fan de suvelsektor moat it ferlies fan derogaasje foarkomme. Yn it krystreses en de perioade dêrnei sille amtners yn Den Haach en Brussel besjen oft it fosfaatreduksjeplan foldwaande garânsjes biedt om Nederlân ek yn 2018 en letter wer útsjoch te jaan op derogaasje. It Brusselske oardiel oer dat fosfaatreduksjeplan falt yn it earste fearnsjier fan 2017. De tiden foar de boeren bliuwe sadwaande spannend. De belangstelling fan Kevin Keary, de Ierske wurdfierder fan Hogan, giet ek út nei oare saken as stront. "Is this Friesland? Can someone teach me some Frisian?", freget Gaelicsprekker Keary yn Grins. In pear oeren letter nimt de man ôfskied mei in fleurich 'Bûter, brea en green cheese'. De 800 oanwêzige boeren slute de byienkomst ôf mei in stevich stamppotbuffet mei woarst en spekjes. Hogan is dan al lang wer ûnderweis nei Brussel.

16 desimber: In kritysk rapport fan Marieke Sanders foar minister Plasterk

Njonken it Europeesk Parlemint yn Straatsburch sit de Ried fan Europa. Folle ûnbekender as de Europeeske Uny, is dizze Council of Europe dochs in stik âlder én grutter. Alle steaten fan Europa, ynklusyf de Russyske Federaasje, binne oansletten by de Ried, in orgaan dat him benammen bekroadet om saken as minskerjochten, parsefrijheid én minderhederjochten. Foar Fryslân binne benammen it Europeesk Hânfêst foar Regionale of Minderheidstalen en it Ramtferdrach foar Nasjonale Minderheden fan belang. 

It Europeesk Hânfêst is rjochtsjildich sûnt 1998 en regelet de beskerming fan minderheidstalen. Nederlân hat dit ferdrach as ien fan de earste fiif steaten ratifisearre foar it Frysk en, op in leger nivo, ek it Nedersaksysk, Limboarchsk, Yiddysk, Sinti en Roma. Dat ferdrach wurdt, sa it it doel ien kear yn de trije jier kontrolearre troch in Kommisje fan saakkundigen, dy't oanslutend in rapport skriuwt en mei oanbefellings komt. Dizze saneamde 'monitoaring' is essinsjeel om it ferdrach goed wurkje te litten, seit Marieke Sanders - Ten Holte, tolve jier lang lid fan it 'Committee of Experts' fan de Ried fan Europa út namme fan Nederlân.  

De prestaasjes fan lidsteat Nederlân hâlde net oer op it mêd fan de 'monitoaring'. De Nederlânske rapportaazjes binne struktureel ien jier te let en ek nochris te 'meager' (too limited) as it giet om de ynformaasje dy't der yn stiet. Dit betsjut dat de Ried ôfhinklik is fan de ynformaasje fan maatskiplike organisaasjes en regionale oerheden, en dy binne yn de regel kritysk oer de prestaasjes fan Ynlânske Saken en Keninkryksrelaasjes op it mêd fan it Frysk en oare minderheidstalen. De Ried fan Europa stjoert boppedat in ûnôfhinklike 'Committee of Experts' op ûndersyk út. 

Europeeske soargen oer it Frysk op skoalle

Yn it fyfde rapport oer lidsteat Nederlân makket de Ried fan Europa him grutte soargen oer it Frysk op skoalle. Ek op trijetalige skoallen is it oandiel Frysk oan de meagere kant, sa skriuwt de Committee of Experts Yn kombinaasje mei it feit dat it fuortset ûnderwiis mar ien jier ien oerke Frysk jout soarget dat der foar dat in soad Friezen de eigen taal ûnfoldwaande lêze en skriuwe kinne. Frijwat skoallen beheine it Frysk ta ien les fan 30 oant 40 minuten yn ‘e wike. Dy wurde faak brûkt foar it ferstean fan it Frysk en it sjen nei skoal-televyzje. Dizze praktyk is neffens de Ried fan Europa yn striid mei de ferplichtings dy’t Nederlân oangien is yn it ramt fan it Hânfêst. Dêr stiet nammentlik dat in ‘substantiëel part fan it ûnderwiis’ yn de minderheidstaal jûn wurdt. "40 minuten in de week is echt veel te weinig", seit frou Sanders, dy't sels fan Drintse komôf is. It sinjaal fan de Ried fan Europa komt op in nijsgjirrich momint foar de nije aksjegroep 'Sis tsiis', want dy hâldt op tongersdei 22 desimber in demonstraasje foar mear en better Frysk op skoalle.

Soargen oer Frysk by de rjochtbank

Op guon ûnderdielen is de posysje fan it Frysk, yn fergeliking mei it foarige rapport yn 2012, net foarút- mar achterútbuorke, sa skriuwt de Committee fan Experts. Neffens de Ried fan Europa wie doe it gebrûk fan it Frysk by de rjochtbank noch goed regele. No is it in punt fan soarch, want by de Rechtbank Noord-Nederland is it folle minder wis as yn it ferline by de rjochtbank Ljouwert dat minsken dy’t foarkomme moatte ek Frysk prate kinne. It feit dat der op dit stuit mar ien erkende rjochtbanktolk Frysk is neamt de Ried fan Europa ‘problematysk’. Itselde jildt foar de praktyk dat ‘Fryske’ saken mei Fryske belanghawwenden ek wolris foarkomme moatte yn Grins of Assen, wêrtroch it wer dreger wurdt om Frysk te praten. De Nederlânske autoriteiten wurde dêrom oproppen om praktyske maatregels te nimmen om it rjocht om Frysk te brûken by de rjochtbank te garandearjen.

It foel de Committee of Experts by harren besite oan benammen de stêd Ljouwert ek op dat it Frysk mar amper sichtber is yn it strjitbyld fan de Fryske haadstêd. As it giet om strjitnammen, weiwizers, it Ljouwerter stasjon mar ek om offisjele oerheidsdokuminten en promoasjemateriaal soene de korrekte Fryske nammen folle mear brûkt wurde kinne. De Ried fan Europa tocht yn 2012 noch dat Nederlân op dit mêd foldie oan de kriteria fan it Hânfêst, mar is dêr no fan weromkommen. De Nederlânske autoriteiten krije sadwaande it fersyk om der foar te soargjen dat de Fryske geografyske nammen mear en better te sjen binne yn it strjitbyld.

Nedersaksysk net serieus nommen

It tige krityske fyfde rapport is fuortendaliks de lêste dêr't Marieke Sanders oan meiwurke hat as saakkundige út namme fan Nederlân. De twa perioades fan frou Sanders sitte der op. In nije Nederlânske saakkundige is noch net beneamd. It is, al mei al, frou Sanders bepaald net tafallen hoe't Nederlân mei it minderhedeferdrach omgiet. "Je merkt aan alles dat er weinig belangstelling voor is op het ministerie." As Drintse steurt se har bysûnder oan hoe't it Ryk omgiet mei it Nedersaksysk. "Voor het Fries zijn tenminste een aantal zaken geregeld. Maar het Rijk heeft zich in 1998 verplicht om ook beleid te ontwikkelen voor het Nedersaksisch en vervolgens niets gedaan. Ik vind dat een blamage." It Ryk is trouwens noch net definityf fan frou Sanders ôf. De striidbere liberale bliuwt as adviseur ferbûn oan it Ramtferdrach foar Nasjonale Minderheden.

Mear ynformaasje oer it krityske rapport fan de Ried fan Europa is te finen by it Europeesk Buro foar Lytse Talen. 

6 & 7 desimber: Provinsjale Steaten yn Brussel

Op 6 en 7 desimber reizgje Provinsjale Steaten fan Fryslân én Drinte mei de bus nei Brussel foar in wurkbesite fan twa dagen. De belangstelling is grut, want de Fryske delegaasje bestiet út mar leaufst 45 minsken wêrûnder waarnimmend Kommissaris fan de Kening frou Leemhuis en de Fryske Europa-deputearre Klaas Kielstra. De provinsje Drinte fynt Europa sa belangryk dat alle deputearren de wurkbesite meimeitsje.

It doel fan de besite is om de steateleden better te ynformearjen oer hoe't de Europeeske Uny wurket mei as efterlizzende fraach: Hoe kinne Fryslân en Drinte better gebrûk meitsje fan de Europeeske Fûnsen? Foar de Fryske Europa-deputearre Klaas Kielstra jildt dat er benammen dwaande is mei ien ûnderwerp: de nije brede slûs yn de Ofslútdyk by Koarnwertersân. It sit Kielstra mei, want op de earste dei fan de besite yn Brussel nimt de Twadde Keamer mei algemiene stimmen in moasje oan foar de oanlis fan sa'n brede slûs, en dat helpt fansels as je yn petear sille mei de Europeeske kommisje oer in mooglike Europeeske bydrage fan 16 miljoen euro út de TenT-pot.

Oft Fryslân dat jildt ek krijt stiet noch lang net fêst, want 90 % fan 'e Europeeske transportsubsdyzjes is ornearre foar njoggen Sintraal-Europeeske 'haad-korridors'. Foar perifere gebieten bliuwt noch mar sa'n 10 % oer. Fanút Bretanje is lobby-organisaasje CRPM dwaande om feroaring te krijen oan dizze 'diskriminaasje fan kust-gebieten en eilannen'. Mei-inoar binne mar leafst 160 perifere regio's lid fan dizze lobby-klup. De gearwurkjende noardlike provinsjes Fryslân, Grinslân en Drinte binne dêr ien fan. De Bretonske CRPM-direkteur Patrick Anvroin sprekt de steateleden ta. It feroarjen fan de ferdieling fan de transportjilden is, lykas wol mear yn Brussel, in saak fan de lange termyn, mar hy hâldt oan, want it giet om in rjochtfeardige saak. Lykas Fryslân falt ek syn eigen Bretanje bûten de Europeeske haad-korridors. 

Buorrelje op de ambassade, dineare tusken de dino's

Nei ynliedings oer transport, sirkulêre ekonomy, skjinne enerzjy en it mienskiplik lânboubelied meie de Fryske en Drintse steateleden oan de sjampanje en wurde se ek offisjeel wolkom hjitten troch Nederlânsk EU-ambassadeur Pieter de Gooijer. Dy wol de steateleden graach in boadskip meijaan; "Kijk niet alleen wat u aan Europa kunt hebben, maar wees ook een ambassadeur voor Europa als u terugbent. Europa heeft dat nodig."

Op de resepsje stappe ek ferskate Friezen om dy't permanint yn Brussel ferbliuwe as lobbyist, lykas SNN-lobbyiste Tytsy Willemsma en âld-Drachtster Wytze Russchen, dy't mei syn boek 'Het Oliemannetje' in bestseller skreau as syn aventoeren as lobbyist yn Brussel. Russchen is mei de provinsje yn petear oer it organisearjen fan in Fryslân-dei yn Brussel oer it jier 2018 en gebrûkt de byienkomst om in ôfspraak te meitsjen mei deputearre Klaas Kielstra.

De stimming liket poerbêst, mar steatelid Rinie van der Zande fan de Partij van de Dieren wurdt kjel as se fernimt dat by de hapkes ek 'foie gras' (guozzelever) servearre wurdt. Sy fynt dat soks net heart op in offisjele wurkbesite fan Provinsjale Steaten en docht har beklach by kommissaris fan de kening Leemhuis, by de steategriffy en ek by har partijgenoate Anja Hazekamp yn it Europeesk Parlemint.

It jûnsmiel wurdt servearre op in bysûnere lokaasje. Tusken de grutste kolleksje dinosaurus-skeletten fan Europa yn it natuerhistoarysk museum fan Brussel. De steateleden binne sa njonkenlytsen roppich, mar krije earst in taspraak fan Europarlemintariër Annie Schreijer-Pierik (CDA) te ferwurkjen, ear't se har waarm miel ôfhelje kinne fan it buffet. Schreijer ûnderstreket it boadskip fan Pieter de Gooijer: "We moeten elkaar vasthouden in Europa", seit se. De Fryske Europarlemintariër Jan Huitema (VVD) is der net by, fanwege de troch him organisearre moanlikse lânboubuorrel mei de top fan de Rabobank, dy't tagelikertiid plakfynt.

7 desimber: de steaten yn it Europeesk Parlemint

Op 7 desimber bringe Provinsjale Steaten achterinoar in besite oan it Europeeske Comité fan de Regio's - dêr't deputearre Klaas Kielstra lid fan is - en oanslutend fansels ek oan it Europeesk Parlemint. De Fryske steaten wurde hjir opheind troch Europarlemintariër Annie Schreijer-Pierik (CDA), dy't op in pittige wize mei de steaten yn diskusje giet.

Frou Schreijer is fan miening dat Nederlân - en ek Fryslân - folle mear en better gebrûk meitsje kinne fan de ferskate Europeeske subsydzjemooglikheden. Sy hat der bygelyks argewaasje fan dat Nederlân oant no ta hast gjin gebrûk makket fan de Junckerjilden - in pot fan 615 miljard euro - foar ynvestearrings. Deputearre Klaas Kielstra is it net iens mei har krityk. De measte Fryske projekten binne te lyts om te foldwaan oan de kriteria fan de Junckerjilden, sa seit er.

Nei de ynlieding yn de ûntfangstseal wurdt de groep yn twaën splitst; Schreijer nimt de Fryske steateleden mei nei de yndrukwekkende plenêre gearkomsteseal foar 751 Europarlemintariërs. Jan Huitema docht justjes letter itselde mei de Drintse Europarlemintariërs. Om tolve oere sit it offisjele programma fan de wurkbesite der op. De steateleden hawwe noch sa'n oardel oere oer om partijgenoaten yn it Europeesk Parlemint op te sykjen. De measten meitsje hjir ek tankber gebrûk fan.

De FNP hat gjin eigen Europarlemintariër, mar is yndirekt wol fertsjintwurdige yn it Europeesk Parlemint troch de Europeeske Frije Alliânsje. Fierder geane ek CDA, D66, GrienLinks, Partij voor de Dieren, PvdA, PVV en VVD allegearre yn konklaaf mei partijgenoaten yn it Europeesk Parlemint. Foar guon fan harren is it foar it earst dat se yn de kunde komme mei harren Europeeske fertsjintwurdigers. De Fryske SP skittert yn it Europeesk Parlemint troch ôfwêzigens. Alhoewol't de SP aktyf is yn it Europeesk Parlemint, woene de Fryske SP'ers 'út prinsipe' net meidwaan oan it 'snoepreiske' nei Brussel.

Oan de ein fan de wurkbesite wurdt wol dúdlik dat 24 oeren Brussel it nedige losmakket by de Brussel-gongers. De steaten hawwe de nedige yndrukken opdien foar de eigen 'Wurkgroep Europa' en it Fryske 'Europabelied' en tinke al nei oer mooglikheden om har dêr wat yntinsiver tsjinoan te bemoeien. Sa liket it Marieke Vellinga fan D66 in goed idee om as Provinsjale Steaten in eigen lobbyist oan it wurk te setten yn Brussel. Je binne dan better ynformearre en kinne dan yn ien klap de Fryske lobby ek noch in kear fersterkje. Mear reaksjes fan steateleden út Fryslân en Drinte kinne je hjir fine. 

20 novimber: Huitema, Jacobi en Van Keimpema yn ús Radioforum

It Radionijsforum yn Buro de Vries stiet op snein 20 novimber foar it grutste part yn it teken fan Europa. De oanlieding is it fosfaatakkoart, dat steatssiktaris Martijn van Dam op freed 18 novimber sletten hat mei organisaasjes as LTO, NZO, feefoerfabrikanten en de Rabobank. De Dutch Dairymen Board fan boerinne Sieta van Keimpema siet net oan tafel. Frou van Keimpema is dan ek tige kritysk oer it resultaat. 'Flintertin', neamt se it yn de útstjoering, en se hâldt der ek rekken mei dat de nitraatkommisje fan de Europeeske Kommisje it noch wolris ôfwize kin.

Boeredochter Lutz Jacobi (PvdA) is op har beurt ek kritysk, mar om in oare reden. Sy wol leaver útgean fan 'Grondgebonden landbouw'. Boerebedriuwen hearre yn balâns te wêzen, it tal kij dat in boer hat moat yn ferhâlding stean ta syn lân, dan krije je ek gjin fosfaat- en strontproblemen. Dat dit útgongspunt net yn it fosfaatakkoart stiet fynt Jacobi problematysk. De PvdA sil hjir dan ek krityske fragen oer stelle yn de Twadde Keamer.

Europarlemintariër en feehâlder Jan Huitema (VVD) wol it fosfaatakkoart graach it foardiel fan de twivel jaan. Knappe koppen fan de Nederlânske suvelsektor ha dit mei-inoar útdoktere, nota bene by de Lânbou-universiteit, Huitema syn alma mater. Gean der mar fan út dat sy wite wat se dogge. Foar de wat langere termyn sjocht Huitema wol wat yn it oars brûken fan dong. Je kinne it eksportearje of sels brûke as boarne foar enerzjy. It lost it fosfaatprobleem op koarte termyn net op, mar der lizze mooglikheden yn it nije Europeeske lânboubelied. Huitema sil him dêr yn alle gefallen foar ynspanne.

Sieta van Keimpema krijt Huitema en Jacobi tagelyk op de kast mei har opmerking dat 'Europa fral regeard wurdt troch amtners'. Van Keimpema komt hiel geregeld yn Brussel as fertsjintwurdiger en lobbyiste fan de European Milkboard. Neffens har is de ynfloed fan politisy mar hiel beheind. Amtners binne de konstante faktor en hawwe dêrtroch in hiel soad macht. Huitema en Jacobi protestearje tsjin dizze observaasje. "Amtners de baas?", se moatte der net oan tinke. Mar Van Keimpema jout net op en wiist op it bestean fan 'trialogen'. Yn Europa moat it Europeesk Parlemint as it om beslútfoarming oankomt ommers net allinnich saken dwaan mei de Europeeske Kommisje, mar ek nochris mei de Europeeske Ried - de fertsjintwurdiging fan de nasjonale regearings - en dy oerlizzen binne allegearre achter sletten doarren.

Hiel nijsgjirrich, mar foar diskusjeliedster Simone Scheffer is it oanlieding om yn te gripen."Ik wyt net oft de minsken thús it no noch allegearre begripe kinne." Nei de útstjoering giet de diskusje tusken de fjouwer belutsenen noch seker trije kertier troch yn it omropgebou. Yn goeie sfear, mar boer Huitema, boeredochter Jacobi en boerinne Van Keimpema wurde it net iens op dizze reinige snein.

4 novimber: Agnes Jongerius en har striid tsjin ûnderbetelling

De Lemster skipsbouwer Veka komt minder posityf yn it nijs, omdat der by it bedriuw 40 Roemenen oan it wurk binne, dy't slim ûnderbetelle wurde. Dat docht bliken út in rapport fan de arbeidsynspeksje. De manlju fertsjinje mar sa'n bytsje dat Agnes Jongerius (PvdA) yn har reaksje de wurden 'schandalig' en 'uitbuiting' yn de mûle nimt. Dat Jongerius fûl reagearret is gjin tafal. Sy is dwaande mei in ûndersyk nei it tema 'sosjale dumping'. It bart neffens har fierstente faak dat East-Europeanen foar in East-Europeesk oerelean yn West-Europa oan it wurk binne. Dat hat in soad negative gefolgen, fynt Jongerius. Fryske of Nederlânske wurknimmers komme sa folle dreger oan de bak en bedriuwen en wurknimmers bedarje yn in 'race naar de bodem, waar niemand bij is gebaat'.

It bedriuw Veka sprekt de útbuiting yn in skriftlike ferklearring tsjin. De Roemenen yn kwestje steane net by Veka op de leanlist, mar by in ûnderoannimmer, in dochter fan in Roemeensk bedriuw. Veka sil dy ûnderoannimmer oansprekke op de oertreding fan de CAO, want it sprekt fansels dat it bedriuw him oan de wet hâlde wol. De konstruksje by Veka liket lykwols in soad op konstruksjes dy't fakbûn FNV tsjinkaam by eardere gefallen fan ûnderbetelling. Jongerius is rapporteur yn it EP oer it tema fan 'sosjale dumping' en stribbet nei it oanskerpen fan de Europeeske detacheringsrichtlijn.

En in dissidint lûd fan Jacques Monasch

Twadde Keamerlid Jacques Monasch, ek PvdA, wol it probleem fan de sosjale dumping hiel oars oplosse. Hy is tsjin it frije ferkear fan wurknimmers yn de Europeeske Uny. It foech oer watfoar wurknimmers wol en net wolkom binne yn in lân, moat wer werom nei de nasjonale regearings en parleminten. Je kinne dan yn ien kear ôfweve mei in probleem as sosjale dumping, sa seit de Snitser.

Monasch syn Europa-stânpunt liket tichter by dat fan de SP te lizzen as dat fan de Partij van de Arbeid. It Europeesk Parlemint kin, wat him oangiet, it bêste ôfskaft wurde. Juncker en Timmermans wurde wat him oanbelanget 'Europeesk amtner' en wurde tenei direkt oanstjoerd troch de 28 lidsteaten en 28 nasjonale parleminten. It boadskip is dúdlik, as Jacques Monasch de listlûkerferkiezings by de PvdA wint - en dat is fansels noch ôfwachtsjen - dan giet it Europa-stânpunt fan dy partij op de skop. 

In pear dagen nei dit radio-ynterview docht bliken hoe grut de kleau tusken Jacques Monasch en de top fan de Partij van de Arbeid wol net is. Monasch stapt út de fraksje en de partij en 'tinkt nei' oer syn fierdere politike takomst. 

1 novimber 2016: Europa moat oars !

    It is it praat fan de dei yn it Europeesk Parlemint yn de lêste wike fan oktober: Komt er wol of komt er net? It giet oer Justin Trudeau, de jonge, dynamyske presidint fan Kanada. Dy is fan doel om hannelsakkoart CETA yn it Europeesk Parlemint te ûndertekenjen. Mar it giet oars, want it parlemint fan Walloanië leit dwers en dêrmei België ek. Nei sân jier fan drege ûnderhannelings stiet de Europeeske Uny yn syn himd. Nei de klap fan Brexit hinget is it wer krisis en dat is fansels net goed foar it betrouwen yn Europa. Dat is ek te fernimmen op de Ljouwerter freedsmerk.

    Yn it Europeesk Parlemint docht bliken dat de measte Europarlemintariërs harren goed bewust binne dat Europa ‘oars’ moat, mar eltse partij tinkt ûngelyk oer de winske feroarings. De PVV is de iennichste Nederlânske delegaasje dy’t planút pleitet foar in ‘Nexit’. De SP fynt dat Europa minder polityk en goedkeaper wurde moat. Kommissaris Frans Timmermans moat, as it oan Europarlemintariër Dennis de Jong leit, om him hinne sjen nei in oare baan. De kommisje moat lytser én amtliker; it politike foech moat wer werom nei de lidsteaten.

    Bas Eickhoudt fan GrienLinks fynt dat gjin goed plan. Hy fynt dat de EU krekt ‘folle politiker’ wurde moat. Dat kin ek, as de beslútfoarming folle transparanter wurdt. It CETA-proses wie noait útrûn op sa’n grutte rel, as de befolking en de grutste beswiermakkers earder ynspraak hân hiene. De manlju wurde it dan ek net iens yn ús twadde ôflevering fan berjocht út Europa.

    Wat je fan Europarlemintariërs ek fine, je kinne net sizze dat se net hurd wurkje. Yn de wike fan de plenêre gearkomste yn it Frânske Straatsburch geane de gearkomsten troch fan moarns ier oant jûns let. De 751 manlju en froulju moatte de kop der goed byhâlde, want der wurdt ek yn heech tempo stimd oer tsientallen, ridlik yngewikkelde ûnderwerpen. Fise-foarsitter Frans Timmermans krijt krityk yn it parlemint omdat er wurkprogramma foar it jier 2017 pas in kertier foar de gearkomste nei de parlemintariërs stjoert. De Limboarger hat der net folle begryp foar. “Ut respekt foar it parlemint komt ik earst by jimme”, seit er yn syn perfekte Oxford-Ingelsk. “As jimme der muoite mei hawwe gean ik tenei wol earst nei de parse.”

    Bas Eickhoudt is ek teloarsteld yn Timmermans omdat dy noch gjin grien ljocht jûn hat foar in nije ronde ‘ecodesign’. Eickhoudt hat namme makke troch de motors fan stofsûgers mei in Europeeske rjochtline enerzjysuniger te meitsjen. Nei it súkses mei de túchslobbers leit der in nij foarstel om ek bôleroasters, hierdroegers en kofjesetapparaten oan te pakken. De Britse en Dútse boulevardparse makket gehak fan it foarnimmen. “Now Brussel attacks British toast”, kopt in populêre krante, wat foar de Europeeske kommisje wer oanlieding is om de plannen op in sêft sin te setten. Eickhoudt fynt dat mar neat. “Sloppe knibbels. Ecodesign is goed foar eltsenien, ek foar it bedriuwslibben.” Timmermans sil dat letter ek tajaan, mar guon saken hawwe yn Brussel no ienkear mear tiid nedich......

    Sophie in’t Veld fan D66 krijt brede stipe foar har foarstel foar it ynfieren fan in ‘Demokrasy APK’ yn de Europeeske Uny. It doel is om tenei alle lidsteaten elts jier in rapportsifer te jaan foar de ûnderdielen ‘demokrasy, rjochtsteat en grûnrjochten’. It giet dan om saken as parsefrijheid, mar ek om de rjochten fan minderheden en minderheidstalen. It binne kearnwearden fan Europa, seit In’t Veld. It is gebrûklik dat Europa wol skerp tafersjoch hâldt op stofsûgers en lampen, mar der is oant no ta noch gjin ynstrumint hat foar it hifkjen fan de demokrasy.

    No wurdt der benammen krityk levere op lannen as Hongarije en Poalen. It liket D66 better om alle 28 lidsteaten, ek Nederlân, lâns deselde demokratyske latte te lizzen. Timmermans reagearret yn earste ynstânsje ôfhâldend op it plan fan rapporteur In’t Veld, mar is ferplichte om binnen in pear moannen mei in serieuse ynhâldlike reaksje te kommen. “Frans Timmermans is nog niet van mij af”, seit in striidbere In’t Veld. Sy rekkenet op stipe, want sy wol eins itselde dat Timmermans yn syn eardere funksje as minister fan bûtenlânske ek woe.

    23 oktober 2016: Ban Ki-moon en it klimaat

    Op tiisdei 4 oktober hinget der in bysûndere spanning yn it Europeesk parlemint, want der komt – ûnferwachts – hege besite. Ban Ki-moon fan de Feriene Naasjes sprekt it parlemint ta fanwege de Europeeske hantekening ûnder it klimaatferdrach fan Parys. De seal is mûsstil as de Koreäanske topdiplomaat it wurd nimt. “Ik rekkenje op jimme foar ‘climate change leadership’ en in skjinne ekonomy”, seit de siktaris-generaal.

    Ban Ki-moon krijt net allinnich applaus, mar ek krityske fragen oer de situaasje yn Syrië. “Wannear hâldt dy ellinde yn Aleppo in kear op”, freget in Eastenrykse sjoernalist op de parsekonferinsje. Ban Ki-moon suchtet en antwurdet opmerklik ynformeel: “Do soest ris wite moatte. Ik bin der dei en nacht mei dwaande, stap sa wer yn it fleantúch om mei de Amerikaanske minister Kerry te praten.” It súkses en de tragyk fan de wrâldpolityk komt yn dizze iene man byinoar. It klimaatferdrach komt krekt op ‘e tiid foar de Koreäan, want de man sit yn syn neidagen. “It klimaatferdrach komt krekt op tiid foar in hiel soad lannen”, seit Ban Ki-moon sels. “As wy der net foar soargje dat de ierde fierder opwaarmet, krije we yn de takomst te meitsjen mei miljoenen klimaat-flechtlingen.”

    It Europeesk Parlemint is letter dy wike mei hiel konkrete saken dwaande. As it oan de kommisje leit, krije alle Europeanen tenei op de 18de jierdei fergees in Interrail-kaart om Europa te ferkennen. It CDA klaimt dat it om in âld kristendemokratysk idee giet en is planút foar, mar pro-Europapartij D66 fynt it mar niks. Matthijs van Miltenburg neamt it ‘loyaliteit kopen’ en freget him ôf oft Europa dêr no de hûnderten miljoen yn stekke moat dy’t it foarstel kostje....

    Us earste tv-bijdrage út it Europeesk Parlemint giet oer fisk. De Fryske Noardseefiskers hawwe skjin har nocht fan de begjin dit jier ynfierde ‘aanlandingsplicht’. Dy plicht betsjut dat se lytse fiskjes net mear oer board smite meie, mar oan lân bringe moatte. Jan Huitema fynt mei de fiskers dat de regel ‘te fier’ giet en wol dy sa gau mooglik oanpasse. Syn kollega Bart Staes fan de Flaamske Groenen fynt it dêr te betiid foar. De fiskers wisten dat de regel komme soe en moatte earst mar ris besykje te foarkommen dat se fisk fange dy’t te lyts is, seit er. It petear kin gewoan yn it Frysk. Staes wie yn it ferline gauris yn Fryslân te gast by de FNP en kin de taal noch hieltiid goed ferstean. It Europeesk Parlemint beslút sels om it debat oer fisk troch te skowen nei ein oktober. It klimaatferdrach en Ban Ki-moon wiene krekt wat belangiker...

    Onno Falkena praat mei Europarlemintariërs oer de fiskerij

    (advertinsje)
    (advertinsje)