De stim fan...., Twadde Keamerferkiezings 2017

Op 15 maart mei Nederlân nei de stimbus foar in nije Twadde Keamer. Dan meie wy meiprate oer hoe't wy fine dat it moat yn dit lân. Nederlanners kinne de polityk witte litte hokker kant as sy fine dat it út moat.

Net heard

De groep minsken dy't him net fertsjinwurdige fielt troch de polityk wurdt hieltyd grutter. In soad Nederlanners ha it gefoel dat der net nei har harke wurdt. Net troch de minsken yn Den Haach, mar ek net troch de media. Dêrom binne ús ferslachjouwers yn de oanrin nei de ferkiezingen op 'en paad om te praten mei de gewoane Fries.

Dyn stim telt ek

Wat fynsto fan wat der allegear gebeurt yn Nederlân? Makkest dy soargen, oer bygelyks de sûnenssoarch of it miljeu? Bist benaud dat de ûnferdraachsumheid dy't der is, almar grutter wurdt? Hasto ek it gefoel dat der net nei dy harke wurdt? Of fynst dat it allegear wol wat meifalt?

Alle dagen komt der in oare Fries oan it wurd en hearre wy 'De stim fan'. Op radio yn Fryslân fan ‘e moarn, op telefyzje yn Fryslân Hjoed en sjoch se hjir allegear werom.

Oersjoch

(advertinsje)
(advertinsje)