Klear foar de start?

    De Koers: fan 1 desimber ôf online. Ek te sjen fan moandei 4 jannewaris oant en mei sneon 9 jannewaris op Omrop Fryslân Televyzje. Hoe hurd moatst wêze om de top te heljen? Dat is de fraach dêr't Sieger Keizer foar stiet, no't er op it punt stiet in profkontrakt te tekenjen as hurdfytser. Sieger is 17 jier en hat in soad talint, mar yn de striid mei syn konkurrint soe er eins noch ien stapke ekstra sette moatte. Kin dat troch noch hurder te trainen, of moat er egoïstysker en falsker wêze nei de oaren ta? Fansels binne der ek stimulearjende middelen beskikber. Syn coach set him ûnder druk en dan is der noch Marije, in freondinne dy't gjin sin hat yn ferkearing mei sa'n fanatyk trainingsbist. De twivel slacht ta by Sieger. Wannear’t der in slim ûngemak bart mei it bruorke fan Marije moat Sieger yn hiel koarte tiid alles op alles sette om Remco te helpen. Kin hy syn freondinne wer foar him winne, de freonskip mei syn fytsmaten wer goed krije én syn doel berikke, it profkontrakt?

    (advertinsje)
    (advertinsje)