Wa fertsjinnet in Omroplintsje?

De easken foar in keninklike ûnderskieding binne stranger wurden de lêste jierren. Jierrenlange ynset by ien klup is net mear genôch, in potinsjele ridder moat op meardere terreinen útblinke. By de omroplintsjes is dat oars! Elkenien dy’t him maatskiplik ynset komt yn de beneaming.

De frijwilliger dy’t al jierren de linen lûkt op de fjilden fan de pleatslike fuotbalklup of beppe dy’t har bot ynset foar har doarp of stêd. Of miskien wol de buorjonge dy’t aktiviteiten organisearret foar âlderen. Minsken, dy’t in plomke fertsjinje, spjeldet Omrop Fryslân op tiisdei 25 april in Omrop-lintsje op. Wa fertsjinnet in Omrop-lintsje? Opjaan kin oant en mei snein 23 april fia ûndersteand formulier. Ut alle ynstjoerde ferhalen kiest de redaksje in oantal persoanen dy’t op tiisdei 25 april troch in ferslachjouwer fan Omrop Fryslân ferrast wurde mei in lintsje. 

(advertinsje)
(advertinsje)