Op en Ut fan 2012-06-30T09:00:00

  • Spiler wurdt laden

Underwerpen:

- Johan de Jong mei nijs út de natoer.

- Dit wykein (sneon 30 juny en snein 1 july) is it Frysk Museum oan 'e Turfmerk yn Ljouwert foar it lêst iepen. It museum slút in jier lang har doarren, de iepening fan it nije Frysk Museum oan it Saailân yn Ljouwert is yn septimber 2013. Paul Klarenbeek fan it Frysk museum komt nei de studio om te fertellen wat der dit lêste wykein allegear te belibjen is.
www.friesmuseum.nl

- Yn it ramt fan de 'Bildtse Aardappelweken' wurdt op 5, 6, 7 en 8 july de teaterfoarstelling 'Drie Morgen' opfierd, in foarstelling yn trije bedriuwen: teater, in ferrassende reis troch it ikkerlân en in filmyske oade oan de Alde Bildtdyk. Lokaasje is it de loads fan ikkerboubedriuw Rienks.
www.bildtseaardappelweken.nl

- Yn de moannen july en augustus is der yn it poartegebou fan it Poptaslot yn Marsum in eksposysje ynrjochte oer de túnskiednis, oer 300 jier ûnderhâld en it gebrûk fan de tunen fan it Poptaslot. Fierder wurde der alle dagen (útsein op snein) rûnliedings fersoarge troch it Poptaslot.
www.poptaslot.nl

- De kommende wike wurdt it twadde seisoen fan de tillevyzje-rige 'Doch it foar dyn doarp' ôfsluten mei útstjoerings út Hantum/Hantumerútbuorren wei. Yn Op & Ut sjogge we alfêst foarút nei de programma's dy't hjirwei te sjen wêze sille.
www.dyndoarp.nl

- Tún-rubryk mei túnman Klaas Piekstra

- Yn de moannen july, augustus en septimber rint yn it Drents Friese Wold it keunstprojekt 'Mythe van de Natuur'. Lânskipsteater, 15 monumintale keunstwurken, dichters en lûdskeunstners befestigje yn dit projekt op har eigen wize de natoer. Ek as it min waar is, is der wat te dwaan: op 8 binnendoar lokaasjes binne ekspsysjes ynrjochte.
www.mythevandenatuur.nl

- Italiaansk muzykteater is der sneon 30 juny yn de Skierstins yn Feanwâlden. It teaterduo 'Canti Vaganti', besteande út Bruno Gullo en Kateleine van der Maas, bringt hjir de muzikale teaterfoarstelling 'Altijd Onderweg'. Om 20.00 oere.
www.schierstins.nl www.cantivaganti.wordpress.com

- Waarman Piet Paulusma mei in praatsje oer waar en klimaat.

- Kok René Vaartjes hat wer in lekker resept (sjoch hjirûnder)

- Jojanneke Drijver jout yn de film-rubryk ynformaasje oer de nijste films.
www.filminfriesland.nl www.leeuwarderbioscopen.nl www.biosdrachten.nl www.biosheerenveen.nl www.cinesneek.nl

- Yn de feesttinte tusken Easterbierrum en Tsjommearum is sneon 30 juny in optreden fan De Hûnekop. Yn it foarprogramma spilet NNB. De tinte is fan 21.00 oere ôf iepen.
www.oosterbierum.info

- It Noord Nederlands Orkest fersoarget op snein 8 july om 14.15 oere in simmerkonsert by Lauswolt yn Beetstersweach.
www.nno.nu

Resept: sûkelade 'brownie'

40 gr. sûkelade (puur)
75 gr. blom
20 gr. sûker
snufke sâlt
75 gr. bûter
1 aai

Wurkwize:

Bûter rane yn in lytse panne. Dêrnei stikjes sûkelade en sûker derby, dan fan it fjoer ôfhelje en it aai derby dwaan. Blom en snufke sâlt derby dwaan.
Ofbakke op 180 graden, ûngefaar 20 minuten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)