Op en Ut fan 2012-06-23T09:00:00

  • Spiler wurdt laden

Underwerpen:

- Johan de Jong mei nijs út de natoer.

- De 'Tuinen van Weldadigheid' yn Feanhuzen (krekt oer de grins fan Fryslân, by Haulerwyk) binne fan't simmer alle wykeinen iepen fan juny o/m septimber, op sneon en snein dus, fan 11.00-17.00 oere. De tún is hielendal biologysk en hat ûnder oare âlde ierappelrassen, grienten en fruit. Fierder ha se ek blommen en keunst. De tún sit flakby it finzenismuseum yn Feanhuzen.
www.detuinenvanweldadigheid.nl

- CMV Studio út It Heidenskip hâldt op sneon 23 juny foar de twadde kear in iepenloftfestival. Om 13.30 oere op it fierljepterrein yn It Heidenskip mei optredens fan 8 muzykkorpsen. Nei ôfrin fan it festival spilet de Fryske popband Sebeare.
www.cmvstudio.nl

- By tsiismakkerij De Nylander yn Warkum is sneon 23 juny om 10.00 oere de iepening fan de 'Kunst bij de Boer', in fytsrûte by 6 biologyske bedriuwen del yn Súdwest-Fryslân. By dizze bedriuwen is byldzjende keunst útstald. De rûte duorret oant 8 oktober 2012.
www.kunstbijdeboer.nl

- Op 3 april lêstlyn is it twadde seisoen fan de tillevyzje-rige 'Doch it foar dyn doarp' útein set. De kommende wike stiet it doarp De Gordyk sintraal. Yn Op & Ut sjogge we alfêst foarút nei de programma's dy't hjirwei te sjen wêze sille.
www.dyndoarp.nl

- Tún-rubryk mei túnman Klaas Piekstra

- De Stichting 'Opvang Oude Manegepaarden en - Pony's in Friesland' hâldt snein 24 juny in iepen dei. Fan 13.30 oant 17.00 oere yn en om de stallen oan de Langestrjitte 82 yn Bitgummole.
www.pensioenpaard.nl

- Yn Easterwierrum is sneon 23 juny de premjêre fan it berne-iepenloftspul 'De Stim fan Lûdsjewierrum'. Lokaasje is de pastorytún. De oare foarstellings binne op 24, 27, 29 & 30 juny en 4 & 6 july.
www.bis2012.nl

- Waarman Piet Paulusma mei in praatsje oer waar en klimaat.

- Kok René Vaartjes hat wer in lekker resept (sjoch hjirûnder)

- Jojanneke Drijver jout yn de film-rubryk ynformaasje oer de nijste films.
www.filminfriesland.nl www.leeuwarderbioscopen.nl www.biosdrachten.nl www.biosheerenveen.nl www.cinesneek.nl

- Yn de rige 'It Depot' stiet ien moanne lang ien fan de Fryske musea sintraal. Alle sneonen mei in oar objekt út har kolleksje. Yn de moanne juny komme It Admiraliteitshûs yn Dokkum en It Fiskershûske yn Peasens-Moddergat yn dizze rige oan bod. Dizkear nimt konservator Ihno Dragt in getúchskrift út 1839 mei nei de studio.
www.museumdokkum.nl www.museummoddergat.nl

- De a capella groep 'King's Singers' fersoarget dit wykein optredens yn Fryslân en Grinslân. Oan de konserten sil fierder meiwurke wurde troch it fokaal ensemble Cantatrix en Chantersgroup Tbilisi. Sneon 23 juny om 16.00 oere yn de Grutte Tsjerke yn Ljouwert en om 20.15 oere yn de Martinitsjerke yn Grins en snein 24 juny om 16.00 oere yn de Grutte Tsjerke yn Dokkum (it optreden yn Dokkum is sûnder de King's Singers).
www.cantatrix.nl

Resept: Gamba's mei fine griente, currysaus en basmatirys

Nedich:
Currysaus:
5 dl. grientebûljon
1 sipel
1 stâle sitroengers
1 appel
40 gr. gember (farsk)
4 dl. kokosmolke
2 ytleppels curry poeier
1 limoenbledsje
snjitsje oalje
sâlt

Fierder:
24 gamba's (peld sûnder termkanaal)
250 gr. basmatirys
3 stâlen bleekselderij
1 woartel
1 reade paprika
1 prei
1 courgette
bytsje sojasaus
bytsje oalje
piper en sâlt

Wurkwize:
Sipel snipperje. Sitroengers fyn snije (dikke kontsje ferwiderje). Appel skile en yn blokjes snije. Gember skile en fyn hakke. Panne op in sêft fjoer en de sipel en sitroengers stove (sa no en dan riere). Gember en limoenblêd derby dwaan en fjoer wat heger sette. Kokosmolke currypoeier en griente bûljon derby dwaan en op in sêft fjoer 20 minuten prottelje litte. Limoenblêd derút helje en mei staafmikser ta in glêde saus mikse en troch in seef helje en evt. mei sâlt op smaak bringe.

0,5 liter wetter oan 'e kôk bringe en de wosken rys derby dwaan. Mei it lid op e panne 10 minuten sêft koaitsje litte en dêrnei fan it fjoer helje en mei it lid op 'e panne noch 10 minuten droech stome litte. Mei in foarke de rys los riere.

De griente waskje, evt. skile en yn lytse blokjes snije.

Wok goed hyt wurde litte en mei in snjit oalje de gamba's bakke (plm. 1,5 minut).
Gamba's út de panne nimme en no de grienten 1 minut rierbakke en de rys derby dwaan en in bytsje sojasaus en dit plm. 4 minuten bakke.
De gamba's wer troch de griente/rys riere.
Alles yn in board skeppe en de currysaus hjiroer hinne jitte.

Yt lekker. René Vaartjes, Eilan restaurant Trije Hûs Grou.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)