Op en Ut fan 2012-06-09T09:00:00

Underwerpen:

- Johan de Jong mei nijs út de natoer.

- Kultureel festival 'Ut Sneek'. Mei 12 poadia, 80 'acts' en 1200 dielnimmers. Sneon 9 juny fan 11.00-17.30 oere yn it sintrum fan Snits.
www.vsz-sneek.nl

- Jail House Rock Festival. Sneon 9 juny fan 14.00-23.00 oere op it binnenplein fan 'e Blokhúspoarte yn Ljouwert.
www.steffdacampo.com

- Eksposysje 'Dier of Ding?', in eksposysje oer minsken en har bisten. Fan 9 juny o/m 7 oktober 2012 te sjen yn it Natuurmuseum Fryslân yn Ljouwert.
www.natuurmuseumfryslan.nl

- Op 3 april lêstlyn is it twadde seisoen fan de tillevyzje-rige 'Doch it foar dyn doarp' útein set. De kommende wike stiet it doarp Eastersee sintraal. Yn Op & Ut sjogge we alfêst foarút nei de programma's dy't hjirwei te sjen wêze sille.
www.dyndoarp.nl

- Tún-rubryk mei túnman Klaas Piekstra

- Evenemint 'Dagje Stralen'. Snein 10 juny fan 10.30 oant 17.00 oere by hotel/restaurant/camping it Weidumerhout oan 'e Dekemawei 9 yn Weidum.
www.dagjestralen.nl www.weidumerhout.nl

- Iepenloftspul 'De hear fan Ocksefurd'. Woansdei 13 juny, tongersdei 14 juny en freed 15 juny oan 'e Bisskopleane yn Ketlik. Alle kearen om 21.00 oere.
www.iepenloftketlikmildam.nl

- Waarman Piet Paulusma mei in praatsje oer waar en klimaat.

- Kok René Vaartjes hat wer in lekker resept (sjoch hjirûnder)

- Eksposysje oer Slachtemaraton yn It Tsiispakhús yn Wommels. Fan 27 april o/m 29 july 2012.
www.tsiispakhus.nl

- Yn de rige 'It Depot' stiet ien moanne lang ien fan de Fryske musea sintraal. Alle sneonen mei in oar objekt út har kolleksje. Yn de moanne juny komme It Admiraliteitshûs yn Dokkum en It Fiskershûske yn Peasens-Moddergat yn dizze rige oan bod. Dizkear nimt konservator Ihno Dragt in saneamd loggerhûntsje mei nei de studio. Dit byldsje is dit seisoen te sjen yn museum 't Fiskershûske yn Moddergat.
www.museumdokkum.nl www.museummoddergat.nl

- Op Skylge is fan 15 o/m 24 juny de 31ste edysje fan it Oerol festival.
www.oerol.nl

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)