Omnium fan 29 juny

  • Spiler wurdt laden

De Nederlânske befolking sil yn 'e takomst net mear groeie. It sil dus net nedich wêze dat stêden en doarpen noch groeie: we ha genôch gebouwen lykas huzen, skoallen, kantoaren ensfh. Der sil oars sjoen wurde moatte nei romtlike ûntjouwing. Stêdebouwkunige Alex Visser jout syn miening.

Nei alle gedachten binne der 300.000 minsken yn Nederlân dy't, sûnder dat se it witte, lêst ha fan in skildklier dy't net goed wurket. De skildklier soe eins folle faker test wurde moatte. In reportaazje mei in erfaringsdeskundige.

Yn de rige: de takomst fan Miss Tessa.

En fansels de mienings op de freedsmerk en ús rubryk Nijsgjirrich.

Presintaasje: René Koster.

Reade Tried 29 juny 2012

    Nederlân hat har saneamde romtlike 'verzadigingspunt' berikt. De befolking groeit net mear. Der binne yn prinsipe genôch huzen, skoallen, kantoaren en bedriuwsgebouen. Dit betsjút in alhiel nije wize fan sjen nei romtlike omjouwing. Foar beliedsmakkers nije dilemma's. Leechsteande gebouwen ôfbrekke en op dat plak nij bouwe? of moat der krekt mear romte makke wurde, dus net wer op dat plak bouwe? In oare mooglikheid is it sykjen fan in oare funksje fan gebouwen. De basisskoalle yn it doarp wurdt bygelyks in wenhûs mei kantoarromte. Yn eardere molkfabriken komme ferskillende lytse bedriuwkes. En sa binne der foarbylden genôch.Hjir binne we hjoed nei op syk: Leechsteande gebouwen; wat moat we der mei. Ha jo in foarbyld fan in nije funskje fan in gebou, ha jo sels ideeën foar in leechsteand gebou? lit ít ús witte

    Mail ús: readetried@omropfryslan.nl of rt@omropfryslan.nl. Of ful it formulier yn op de website. Sjoch dan ûnder programma's by Reade Tried. Jo kin ek belje nei ús antwurdapparaat op tillefoannûmer: 058 - 7 009 777.
    Jo kin ús ek folgje op twitter: @readetried

    Diel dit berjocht op:
    (advertinsje)
    (advertinsje)