Omnium fan 25 juny 2012

Boereprofessoaren, sa waarden de amateurwittenskippers neamd dy't yn de achttjinde ieu yn Fryslân bysûndere útfinings dienen. Eise Eisinga wie dêr wol de bekendste fan. Oer him en oare saneamde 'autodidakten', giet de tentoanstelling 'Eisinga onder professoren' yn Museum Martena yn Frjentsjer. Yn Omnium moandei in reportaazje.

Fierder komme we yn 'e kunde mei Miss Tessa en diskusjearje we oer de stelling: Ik wurd pas miljeubewust as it jild opsmyt.

Presintaasje: René Koster.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)