Nostalgywykein

De hits, de oantinkens en it gefoel fan doe: Nostalgywykein by Omrop Fryslân.

Op freed 29 maart begjint by Omrop Fryslân de tredde edysje fan it Nostalgywykein op radio, televyzje en ynternet. Ek peaskemoandei giet it Nostalgywykein noch troch, dus dat betsjut fjouwer dagen de grutste hits fan doe, de bêste oantinkens en unike opnamen út it rike radio- en televyzje-argyf fan de RONO, Radio Fryslân en Omrop Fryslân. Der binne ek wer moaie prizen te winnen, mei de kwis ‘Kreakje de Kras’.

In oersjoch fan de nostalgy

Op freed 29 maart begjint it Nostalgywykein al betiid mei de radioferslachjouwer dy’t by âlde stasjons delgiet en fansels mei Kreakje de Kras en de Retro LP. Yn it radioprogramma Noardewyn tusken 13:00 en 16:00 oere live optredens fan ûnder oaren Nancy and de Sintra’s en Irish Stew. En de hiele dei kinne jo reagearje op de stelling: Wat binne jo wolris kwytrekke yn de trein of bus? Jûns yn Need op Freed ek omtinken foar it tema.
Op sneon 30 maart giet it oer skoalreiskes, mei reportaazjes en jo oantinkens. Tusken 18:00 en 19:00 oere is der op de radio jazzmuzyk dy’t by it nostalgy-tema past en ek yn Hea! komt it tema foarby.

Snein 31 maart is der oerdei op televyzje in spesjale nostalgyske programmearring. Op de radio yn Buro de Vries (tusken 11:00 en 13:00 oere) in reportaazje út 1981 oer it Dokkumer Lokaaltsje. Middeis tusken 14:00 en 16:00 geane wy yn it radioprogramma Datwiedoe lykas altyd op syk nei oantinkens oan de jierren ‘60, ‘70 en ‘80. Jo earste brommer, jo leafdesferhaal fan eartiids mei in muzykaal oantinken, en sa mear.

De grutte ôfsluter fan it Nostalgywykein komt op peaskemoandei. Dan is it De dei fan it stimmingsorkest mei live-muzyk en oantinkens oan stimmingsorkesten en dûnsklups. Jûns in Radio Froskepôle en Hea! slúte wy ek yn nostalgyske styl ôf.

It ferline fan Aaipop

Radio Froskepôle giet yn it Nostalgywykein ek werom yn de tiid. Op peaskemoandei wurdt foar de 26ste kear it Aaipop festival holden. It programma dûkt yn it ferline fan dat ferneamde Fryske festival. Op freed 29 maart én moandei 1 april sil Radio Froskepôle fold wurde mei muzyk fan groepen en artysten dy’t op de earste fjouwer edysjes fan Aaipop spile hawwe, healwei de tachtiger jierren. Dus muzyk fan ûnder oaren Okke Hel, Piter Wilkens, Bricquebec, Jaap Louwes, Reboelje en mear ‘oud-gedienden’ dy’t acte de présence joegen, doetiids noch yn it smûke kafee De Herberch fan Nijlân.

Radio Froskepôle freed 29 maart en moandei 1 april tusken 18:00 en 19:00 oere op Omrop Fryslân Radio, 92.2FM.

Kreakje de Kras

Krekt as ferline jier, is der ek dit jier wer it spultsje ‘Kreakje de Kras’. Wa wit it noch? Fan dy âlde LP’s op de platespiler, krekt wat tefolle stof of krassen en de nuddel slacht oer. Dat bart ek yn Kreakje de Kras.
De fraach is: hokker twa wurden binne der fuortkrast yn in bekende plaat? Mail it antwurd nei kdk@omropfryslan.nl en meitsje alle dagen kâns op moaie prizen yn de finale dy’t tusken 17:00 en 18:00 oere spile wurdt. Let op: set jo adres en telefoannûmer der by!
Wolle jo ek kâns meitsje op bygelyks in nostalgyske FM radio, in Omrop Fryslân koptelefoan of nostalgyske CD- of DVD-boksen? Doch dan mei oan Kreakje de Kras!

Iepenbier ferfier

Wat binne jo wolris kwytrekke yn de trein of bus?

Op freed is it tema Iepenbier Ferfier. Een live ferslachjouwer giet moarns foar de radio by in tal âlde stasjons del fan in eardere spoarline yn Fryslân. Der is freed ek in spesjale Reade Tried mei de fraach: Wat binne jo wolris kwytrekke yn de trein of bus? Jo kinne dêr de hiele dei op reagearje fia de mail: rt@omropfryslan.nl, it antwurdapparaat: 058-7009777, fia twitter: #readetried of op de website www.omropfryslan.nl.

Op sneon bringe wy in besite oan it ferfiersmuseum yn Ousterhaule en tinke wy werom oan skoalreiskess fan eartiids mei de bus. Dêrby komme fansels de nedige ferhalen los. It radioprogramma middeis is ek te folgjen op televyzje. Wat wie jo moaiste skoalreiske en wêr gie dat hinne? Gie dat mei de bus? En wiene de broadsjes dan al op foardat jim de strjitte út wiene? Of waard der ek by jo altyd wol ien siik? De aldermoaiste ferhalen oer de skoalreiskes fan doe... Mail se nei sport@omropfryslan.nl. De moaiste reaksjes wurde brûkt yn Sneon yn Fryslân (tusken 13:00 en 18:00 oere).

Peaskemoandei: De dei fan it stimmingsorkest

Tige populêr wiene sy yn it ferline: de stimmingsorkesten. Je kamen se ek oeral tsjin: by de merken, it keatsen, it skûtsjesilen. Yn de ôfsluter fan it Nostalgywykein steane dy ûnmisbere orkesten fan eartiids sintraal. Dêrneist geane wy op syk nei de dûnsklups dy’t der yn dy tiid in protte wienen yn ús provinsje. Dêr is net safolle mear fan oer, mar oantinkens moatte der noch legio wêze.

Spesjaal foar dizze dei is der in unyk stimmingsorkest gearstald. It orkest bestiet út leden fan orkest Butterfly en De Wiko’s, oanfolle mei saksofonist/trompettist Folkert Hans Tolsma. Peaskemoandei binne sy en oare artysten live te sjen en te hearren yn in programma mei Geert van Tuinen op radio en televyzje. De gasten fan dy middei binne: Geert de Boer (jierrenlang wie hy it boechbyld fan orkest De Notenkrakers), Henk Zondervan (spile yn it orkest De Rido’s), Eddy en René de Jong (it muzikale heit- en soanduo), Bauke Algra (hy wie yn de jierren ’70 eigener fan artysteburo Holland/Telstar) en Wout de Jong (manager fan it Pallas Trio).

Ek jo oantinkens oan dy goede âlde tiid kinne jo diele peaskemoandei. Stjoer jo berjocht fia sms, e-mail of facebook. It belooft in middei te wurden fol nostalgyske muzyk, sterke ferhalen en in protte wille.

De dei fan it stimmingsorkest, fan 13:00 oant 18:00 oere op Omrop Fryslân Radio en Televyzje.

Nostalgyske muzyk

De Retro LP

De muzyk is in wichtich ûnderdiel fan it Nostalgywykein. Hearre jo de muzyk fan doe, dan komme dy moaie oantinkens wer boppe. Doe’t je lyts wiene en mei heit en mem op fakânsje giene, doe’t je foar it earst mei in pear freonen op de camping stiene, doe’t je (miskien wol mei lang hier!) op ‘e middelbere skoalle sieten... Mei de Retro LP is der op ‘e radio alle dagen ien artyst dy’t ekstra yn it omtinken brocht wurdt.

(advertinsje)
(advertinsje)