Nij by de Omrop

Oare tiden, nije programma’s

De televyzjestudio fan Omrop Fryslân is flink ferboud. Der binne twa nagelnije dekôrs yn boud foar ek in nije programmearring.

(advertinsje)

Moatst sjen en hearre!

    Omrop Fryslân is op 23 septimber 2013 begûn mei de nije programmearring. It giet om in grutte feroaring, ynjûn troch de behoefte oan fernijing en mear fleksibiliteit om op de aktualiteit yn te spyljen. Nije en fernijde programma’s, fêste gesichten en stimmen en dúdlike útstjoertiden. Dat binne de kenmerken fan de nije programmearring. Oare tiden, nije programma’s. Moatst sjen en hearre!

    Bynt

    De grutste feroarings binn der by de televyzje. Fiif jûnen yn de wike nei Hjoed, It Waar en Hea! wurdt it nije programma Bynt útstjoerd. It giet om in magazine dat eftergrûnen biedt, mei in soad oandacht foar sport en kultuer. Minsklike ferhalen steane dêrby sintraal. It programma Bynt biedt nijsgjirrige reportaazjes en riges oer aktuele ûnderwerpen en der skowe gasten oan om harren ferhalen te fertellen.

    De presintaasje fan Bynt is ôfwikseljend yn hannen fan Roelof Lousma en Arjen de Boer. Bynt komt yn it plak fan programma’s lykas Boppeslach, K-rûte, Klipkar+ en Need op Freed.
    Bynt stiet foar ferbining, datjinge dat minsken bynt. In ‘bynt’ is ek in gearsetting fan balken dêr’t in dak op rêst en sa’n steunbalke wol it programma wêze yn de Fryske mienskip.

    Hjoed yn in nij jaske

      In oare feroaring op televyzje is der by Hjoed. Dat nijsprogramma wurdt no sân dagen yn de wike útstjoerd, op snein is der in ekstra edysje. De wykeinedysjes fan Hjoed binne koarte edysjes, sûnder presintator. Op de oare dagen wurdt Hjoed ôfwikseljend presintearre troch Eric Ennema en Karen Bies.

      In langere Aktueel en Muzyk yn Bedriuw

      De wichtichste feroarings op ‘e radio binne de nije ynfolling fan guon programma’s en oare útstjoertiden. De edysje fan Omrop Fryslân Aktueel fan tusken de middei is in langer programma wurden (fan 12:00 oant 14:00 oere) mei mear romte foar eftergrûnen. Tiete Sijens presintearret it programma. Ek Muzyk yn Bedriuw, mei as fêste presintator Arjen Overmaat, is langer wurden (fan 9:00 oant 12:00 oere).

      Snein yn Fryslân

        Op snein is der it nije programma Snein yn Fryslân wêryn’t sport en muzyk kombinearre wurde. Lykas it programma Sneon yn Fryslân wurdt dit nije sneinsprogramma fan 13:00 oant 18:00 oere útstjoerd. Snein yn Fryslân wurdt ôfwikseljend presintearre troch Harm Weistra en Wim Brons.

        Yn de nije programmearring komme de radioprogramma’s: Omnium, Jazzkafee Wijnbergen, Fersykplaten, Datwiedoe en Muzyk Maskelyn net werom.

        (advertinsje)