Muzyk Maskelyn fan 10 juny 2012

Op snein 10 juny yn Muzyk Maskelyn in argyf opname út 1991 fan it jongereinkoar Eljakim ûnder lieding fan Goos Hoogeveen mei meiwurking fan de saksofoangroep fan muzykferiening Oranje fan Boalsert.
Technikus Bart Henni en muzykregisseur Piebe Bakker hawwe dizze opname makke op 12 desimber 1991 yn de Oranje Kapel yn Boalsert.

Fan it konsertkonkoers organissearre troch it muzykbûn OMF op 3 maart dit jier yn dizze útstjoering de bydrage fan fanfare CMV "Concordia" fan Drachten ûnder lieding fan Durk Krol. It orkest spilet trije wurken.

De Bazuin B fan Oentsjerk spile op de lêsthâlden edysje fan de Nederlânske Brassband Kamioenskippen en dat wie op 2 en 3 desimber 2011 yn de Martiniplaza fan Grins. De brassband ûnder lieding fan Bienze IJlstra kaam út yn de 2e divyzje en helle in fyfde plak.

Ek yn dizze útstjoering omtinken foar de cd "A Savannah Symphony" fan "The concert band of the german armed forces". Dit orkest stiet ûnder lieding fan luitenant kolonel Walter Ratzek.

It jongereinkoar "Eljakim" fan Boalsert sjongt ûnder lieding fan Goos Hoogeveen:
Popkantate "David & Goliath" - Bob Eaton / Stuart Johnson / arr. Goos Hoogeveen

Fanfare CMV "Concordia" fan Drachten spilet ûnder lieding fan Durk Krol:
Psalm 119
The Baron of Dedem - Carl Wittrock
Bliss - Jacob de Haan

Brassband De Bazuin B fan Oentsjerk spilet ûnder lieding fan Bienze IJlstra:
Fanfares and Love Songs - Gavin Higgins

The concert band of the german armed forces spilet ûnder lieding fan Walter Ratzek:
Bolero - Maurice Ravel / arr. Philip Sparke

Muzyk Maskelyn fan 10 juny 2012

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)