Kom mar del

Fan 19 oant 24 oktober is it by Omrop Fryslân Wike fan de Fryske Top 100: in wike lang ékstra Fryske hits, ékstra Fryske optredens en ékstra kâns op moaie prizen. Ien fan de meast bysûndere ûnderdielen fan dizze wike is Kommardel.nl. Jou dy no op, foar ien fan de bysûndere konserten fan Grytz & Grize, De Kast, Weima & Van der Werf, Wiebe Kaspers of Vangrail; gewoan yn dyn eigen húskeamer. Foar dy, mar ek foar de buorlju, dyn bern, foar pake en beppe, dyn freonen of dyn kollega's. Want de Fryske artysten (en wy ek!) litte ús graach ferrasse.

Wolst in konsert op it wurk? Ek dat kin! It iennige datsto hoechst te dwaan, is dysels efkes oanmelde, mei it ûndersteande formulier.

De konserten binne fan moandei oant en mei freed, moarns tusken 7.00 en 12.00 oere. As wy by dy delkomme, nimme wy fansels kontakt op oer de krekte dei en tiid. Ferjit dyn telefoannûmer dus net.

Tinksto dat der in ekstra goeie reden is wêrom we krekt by dy del komme moatte? Lit it ús mar witte!

0123456789
0612345678
(advertinsje)
(advertinsje)