K-rûte fan 6 juny 2012

Yn dizze K-rûte:
* Iepenloftspullen yn Langwar en Ousternijegea
* Bonifatius de Musical yn Dokkum
* Boeddhistysk Oratoarium
 
Moard yn Ousternijegea by 'Teatske'
Stifting It Oustertrijegea komt dit jier mei in psychologyske triller foar it iepenloftspul. It stik is in teaterbewurking fan it boek 'Om Teatske' fan Klaas Jansma. De lokaasje foar it twadde iepenloftspul fan Ousternijegea is dit kear ek wer by de klokkestoel. It poadium is in 6 meter heech stalen bouwurk mei trije ferdjippingen. It publyk kriget de speurtocht nei de dieder fan de moard op Teatske te sjen. It ferhaal giet oer pasjonearde leafde, net ferwurke gefoelens, en de ynfloed dy't it gebeuren hat op alle persoanen dy't by de moard belutsen rekke. Foarstellings: 1, 2, 3, 7, 8, 9 juny 2012, om 21.00 oere. (9 juny: 23.00 oere)
www.teatske.nu
 
Oan de mar fan Langwar
Op miskien wol it moaiste plakje fan it doarp Langwar, spilet him it earste iepenloftspul fan Muziektheater Langweer ôf. Oan de kant fan de Wielen, by de Sweachmermûne, mei it sicht op it wetter, sil it stik 'Oan de mar fan Langwar' opfierd wurden. De spilers, allegear út it doarp sels, dy't yn 2010 meidien hawwe oan de musical Saul, hienen betocht om dit jier in eigen produksje yn de iepen loft op te fieren. Ambysjes, idealen en de leafde binne de tema's yn it stik. In Amerikaanske sakeman hat grute plannen mei de Wielen en mei it doarp Langwar. Mar in grutske boer set him in foet dwers. Under de foarstelling farre der allegear skûtsjes en boatsjes foarby, en der wurdt live muzyk makke. It stik is twatalich. 
Foarstellings: 6, 8 en 9 juny, om 20.30 oere.
www.muziektheater-langweer.nl
 
Boeddhistysk Oratoarium
Yn Hieslum wennet Dirk Dekker (1945). Hy is komponist en makket muzyk foar koar, ballet, teater en keamerorkest. Twa jier lyn kryg hy it idee om in Boeddhistysk oratoarium te komponearjen. En betocht dat er dan de Hartsoetra (ien fan de basisteksten fan it Boeddhisme) op muzyk sette soe. Hy is oan 'e slach gien en hat no de put derút. De komposysje is klear. Teminsten dat hopet er want op sneon 9 juny giet it stik yn de Marinitsjerke fan Snits yn premjêre en dan sil bliken dwaan oft it goed is. Of docht dat der net ta yn it Boeddhisme – hoe siet dat ek al wer. De K-rûte gie by Dekker op de tee.
 
Freed 1 juny wie de premjêre fan Bonifatius - De Musical
It langferwachte en mei in protte tamtam oankundige spektakel mei in keur oan musicalstjêrren, en ús eigen Syb van der Ploeg en Theun Plantinga. De kaartferkeap rint as it spoar, der binne al trije foarstellings folslein útferkocht en twa ekstra foarstellings ynlaske, (Alteast dat is de stân fan saken op 30 maaie...) Dizze musical hat yn Fulda yn Dútslân te sjen west fan 2004 oant 2010 en dêr kamen 80.000 minsken op ôf. Mei dat yn 'e gedachten is it spylseizoen yn Dokkum mar beskieden. Foar de Dokkumer fersy binne der tal fan lietteksten yn it Frysk oerset, troch Sytse Broersma fan De Kast en René Koster van Omrop Fryslân radio.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)