K-rûte fan 30 maaie 2012

Yn dizze K-rûte:
* Eksposysje byldzjend keunstner Hein Mader
* Shakespeare yn iepenloft yn Skearnegoutum
* Lang leve het Zaailand en Straatfestival
 
Eksposysje byldzjend keunstner Hein Mader
Hein Mader fan Mantgum hie in hiel hiem fol sels makke keunst. Grutte bylden fan stiel en stien. Alle bylden binne no te sjen yn it Lauwersmargebiet. Mar Hein Mader sels ferstoar in heal jier ferlyn...
Mader wie emosjoneel tige belutsen by syn wurk en koe der min ôfskie fan nimme. En dan no wol in grutte tentoanstelling fan lykernôch 40 blden yn de natoer rûnom de Lauwersmar? Joke Kops fan de stifting "Broot" hat har tige ynset foar Hein Mader en syn keunst. Mei subsydzje fan oerheden en oaren is it har slagge in grut publyk no kennis nimme te litten fan it wurk èn it gedachteguod fan Mader.
 
Shakespeare yn Skearnegoutum
De talintfolle toanielmakster Anne Zijlstra tocht d'r al in tiid oer nei en no is it slagge; in eigentiidse bewurking meitsje fan Shakespeare's 'A Midsummer Night's Dream'. Yn de âlde pastorij fan Skearnegoutum sil it stik op 1 juni yn premjêre gean en dus wurdt d'r op it stuit drok repetearre.
No is it in nijsgjirrich projekt want it is ûnderdiel fan 'It Paradys'. It coachingstrajekt fan Tryater wêrby't jonge regisseurs yn de provinsje stikken meitsje mei amateurspilers. Dit hat fanselfs as doel om it talint yn ús provinsje te stimulearjen en no kinne wy yn Skearnegoutum sjen of dat ek wat opleveret.
Anne Zijlstra hat yn elts gefal goeie minsken om har hinne, want sy wurdt coached troch Ines Sauer (Tryater) en de grimme sil dien wurde troch de bekende grimeur Arjen van der Grijn.
 
Lang Leve het Zaailand: 'Eten en het gras'
Le dejeuner sur l'herbe is in skilderij fan de Frânske ympresjonist Eduard Manet. In neaken frommeske en twa mannen yn 't pak op in gersfjild dy't sitte te picknicken. Eins giet it skilderij oer sjoen en besjoen wurde. Kommende sneon wurdt by de yngong fan winkelsintrum Zaailand yn Ljouwert dizze picknick opnij yn sêne setten – mei it winkeljend publyk as model. 14 keunstners en 40 figuranten dogge der oan mei. It is ien fan de safolle perfomances dy't keunstneres Petra Berbee yn/op/ûnder it Saailan mei 'gewoane' minsken op dit plak organisearret. Berbee is in nijsgjirrich keunstner dy't besiket nije sfearen oan de iepenbiere romte ta te heakjen. Neffens har is der grut ferlet fan.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)