It paad werom fan 29 maaie 2012

Om de 90-er jierren hinne hâlde it Provinsiaal Elektriciteits Bedrijf fan Fryslân op te bestean. It gie, tegearre mei de PGEM fan Gelderlân, op yn wat nijs: de Nuon. Op himsels net slim. Alles waard grutter, mar ferfelend wie wol dat it in hiel oar bedriuw waard. Mei opsetsin ek noch. En dat wylst it PEB, yn de folksmûle Pake en Beppe, hiel ticht by de minsken stie.

As der earne in tried opgroeven waard, kaam de direkteur sawat by de minsken del om dat te melden. Jo bellen as der wat wie. Net mei in bedriuw, mar mei in persoan. Je wisten wa' t je hawwe moasten. Mar, mei dat it byld fan al dy peallen ferdwûn, ferdwûn dat ek. En der kaam in bedriuw dêr't miskien wol mear sinten útkaam, mar wat fierder fan de minsken ôf stie.

Yn It paad werom prachtige bylden út it âlde argyf fan it PEB, foar it earst iepenbier.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)