Hea! fan 14 juny 2012

In hiele frjemde auto ried der dizze wike troch Ljouwert. It like wol in batmobyl, en Batman en Robin sieten der sels yn! De beide manlju sille meidwaan oan de 'carbagerun', in fiifdaagse auto-race yn auto's dy't net mear as 500 euro kostje meie. Al wiken binne se dwaande mei klearmeitsjen fan de batmobyl, en se binne dan ek al hielendal yn harren rol.

Bennie Postma fan Tsjerkgaast is in Lemsteraak oan it renovearjen. It skip is sá grut dat hy oan de foarkant út de garaazje stekt. Postma is in échte ambachtsman, dy't graach allinnich wat oan it wurk is.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)