Hea! fan 11 juny 2012

De famylje Drijfhout yn Jistrum hat in nije húsgenoat. It is in ezeltsje fan in pear wike âld. Lytse Peter is ferstjitten troch syn mem en wurdt no mei de flesse grutbrocht. It jonge bistje fleant alle kanten op yn 'e tún.

Ofrûne wykein wie it wer in hiele optocht troch de provinsje. Hûnderten âlde trekkers riden de alvestêdetocht. In geweldige rit, ek al wie it foar de byrider net altyd noflik.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)