Hea! fan 6 juny 2012

Hûnderten minsken hawwe juster yn De Westereen yn in hjerring hapt. Se besochten it wrâldrekôr hjerringhappen te ferbetterjen. It wie noch wol âlde hjerring, want de nije hjerring is pas hjoed te keap. It wie wol dreech om te mjitten as it rekôr ek yndie ferbrutsen is.

Jeu-de-boules is net allinnich foar âldere minsken! De jeu-de-boules ferieniging wol ek bern waarm meitsje foar dit spultsje. Se organisearje dêrom spesjale middeis foar bern, ek op De Lemmer. Der kamen aardich wat bern op ôf en dy koenen harren mar útlibje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)