Fryslân DOK fan 10 juny 2012

In hiele Tour

De Fytsalvestêdetocht bestiet dit jier 100 jier. Ek de edysje fan ferline wike moandei wie wer in grut súkses. Fryslân DOK makke in portret fan dit evenemint en besike in ferklearring te finen foar it súkses fan de tocht.

Tekener Peter Pontiac hat it ûntstean fan de earste Fytsalvestêdetocht yn fiif treffende platen ferbylde en argivaris Durk Reitsma fertelt oer de begjinjierren. Skriuwer Willem Schoorstra besiket de betsjutting fan de tocht en it gefoel dat dy by de minsken opropt, yn wurden te fangen. Publisiste en fytsleafhawwer Nynke de Jong docht sels mei oan de fytstocht en makket in ferslach fan har dei.

Snein yn Fryslân DOK: in sfearympresje fan de hûndertste Fytsalvestêdetocht en ynterviews mei belutsenen. Der is folop romte foar de rike skiednis fan de tocht en der binne fansels in hiel soad bylden, fan in hiel soad fytsers.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)