Freonen fan Omrop Fryslân

    Freonedei 2016

    Op snein 6 novimber steane de doarren by Omrop Fryslân iepen foar de Freonen fan Omrop Fryslân. Mei-inoar fiere wy dan it 35-jierrich bestean fan de Freonen. Wy begjinne de dei om 8:30 oere mei in moarnsbrochje en dêrnei folget om 09:15 oere in bysûndere tsjerketsjinst, dy’t foar elk oantreklik is. Tusken 10:00 en likernôch 12:30 oere is der in ynteraktyf programma yn it Omropgebou, dat stiet yn it teken fan de tema’s Doe, No en Takomst. Der is fan alles te besjen, te beharkjen en te dwaan!

    Ynskriuwe foar de Freonedei is net mear mooglik. Binne jo der net by op 6 novimber? Dan kinne jo dochs noch wol in bytsje meigenietsje, want de Freonedei sil grif ek te folgjen wêze by Omrop Fryslân op radio en telefyzje en online fia de website, de app en de sociale media. 

     

    Each & Ear

    Klik op de ôfbylding om de lêste edysje fan de Each & Ear te lêzen.

    eachenear

    De Feriening Freonen fan Omrop Fryslân (FOF), is de stipersferieniging fan de Omrop. It doel fan de feriening is it stribjen nei in goede publike Fryske Omrop foar radio en telefyzje. De FOF soarget foar ynformaasje oer Omrop Fryslân en stipet Omrop Fryslân by syn doelstellings en aktiviteiten.

    De FOF hâldt kontakt mei har leden fia it ledeblêd Each en Ear, dat trije kear yn it jier útkomt. Se organisearje ekskurzjes yn de maitiid, lêzings, in jiergearkomste yn maart en in kulturele jûn yn 'e hjerst. Ek organisearje de Freonen ekskurzjes mei in besite oan in rjochtstreeks radio- of telefyzjeprogramma.

    Lid wurde?

    Wolle jo ek graach freon wurde fan de FOF? De ledebydrage is min. € 9,- yn it jier.

    Jo kinne belje nei 058-2153375 (woansdeis tusken 10.30 en 14.30 oere) of 06-4390 3180.

    Jo kinne ek in e-mail stjoere nei freonen@omropfryslan.nl of jo oanmelde fia it formulier ûnderoan dizze side.

    De Freonen hawwe ek in eigen facebookside mei nijs, links en foto's fan bygelyks de spesjale Freone-eveneminten:

    De frijwillichsters

    De frijwillichsters fan de Freonen fan de Omrop: Ans Tamminga en Gea Bouma organisearje û.o. ekskurzjes, kulturele jûnen, de jiergearkomste en it jierlikse reiske yn de maitiid. As jo lid wurde foar € 9,- yn it jier, dan kinne jo dêroan dielnimme.

    Kontakt

    Jo kinne op ferskate wizen kontakt opnimme mei de FOF, bygelyks fia de mail: freonen@omropfryslan.nl of troch te beljen nei 058-2153375 (woansdeis tusken 10.30 en 14.30 oere). Jo kinne ek in briefke stjoere nei:

    Feriening Freonen fan Omrop Fryslân
    Postbus 7600
    8903 JP LJOUWERT

    Oanmelde Freonen fan Omrop Fryslân

    (advertinsje)
    (advertinsje)