Feroaring foar satellytsjoggers

Fan 7 jannewaris ôf
Op 7 jannewaris 2014 stapt Omrop Fryslân Televyzje oer op in moderne útstjoertechyk (Mpeg4) op de satellyt. De Mpeg2-technyk dy’t oant no ta brûkt wurdt foar de satellyt-útstjoerings, wurdt âld en dêrom skeakelje hieltyd mear omroppen oer op de nijste útstjoertechnyk.
Om Omrop Fryslân Televyzje fan 7 jannewaris ôf noch ûntfange te kinnen hawwe jo (fan dy datum ôf) in HD-ûntfanger nedich. Jo hoege dus allinne jo ûntfangstkastje yn ‘e hûs te ferfangen.

Mear ynformaasje en fragen
Hawwe jo fragen of wolle jo witte oft jo apparatuer geskikt is om Omrop Fryslân Televyzje aanst noch ûntfange te kinnen? Sjoch dan (fan 10 desimber ôf) foar mear ynformaasje op: http://www.canaldigitaal.nl/regionalezenders. Op dy webside fine jo ek de kontaktgegevens fan Fryske leveransiers dêr’t jo ûnder goede betingsten in geskikte HD-ûntfanger oanskaffe kinne. Fierders binne der ek oanbiedingen te finen oangeande abonneminten op de satellyt-útstjoerings.

As jo mei in HD-ûntfanger nei Omrop Fryslân Televyzje sjogge en nei 7 jannewaris dochs ûntfangstproblemen krije (bygelyks as it min waar is) rjochtsje jo skûtelantenne dan op ‘e nij út. Mei in pear milimeter ôfwiking kin der al sprake wêze fan in mindere byld- of lûdkwaliteit.

Fragen dy’t faak steld wurde en ynstruksjefideo’s (bygelyks oer it útrjochtsjen fan de skûtel) fine jo op: http://www.canaldigitaal.nl/vragen en http://www.canaldigitaal.nl/klantenservice/videos/.

(advertinsje)
(advertinsje)