Ferkiezings 2013

Tuskentiidske gemeenteriedsferkiezings 2013

De opkomst yn Ljouwert wie krekt minder as 40%. De PvdA waard de grutste partij mei 12 sitten en it CDA krige 6. Fjouwer partijen hellen 4 sitten: D66, de NLP, Pal Grien Links en de VVD. De FNP en de Christenunie krigen 2 sitten, en Ljouwert Feriene Lofts 1.

Op it Hearrenfean kaam goed 45% fan de stimgerjochtichden nei de stimbus.
De Partij van de Arbeid helle 8 sitten en is ek hjir de grutste. VVD, Gemeentebelangen en CDA gean meiinoar lykop mei 4 sitten. De FNP en D66 hellen 3 sitten; de Christenunie 2 en Grien Links 1.

De opkomst yn de Fryske Marren wie krekt wat mear as de helte: 52%.
De FNP waard de grutste mei 9 sitten, it CDA folget dêr deun op mei 8. De PvdA krijt 4 sitten, de VVD 3; D66 en Christenunie 2. De Nieuwe Communistische Partij Nederland fan Rinze Visser helle 1 sit, lykas GrienLinks en Nieuw Politiek Peil.

Hjirûnder de útslaggen fan de tuskentiidske gemeenteriedsferkiezings

(advertinsje)

Útslaggen

    Ljouwert

    De gemeente Ljouwert krijt der in stik fan Boarnsterhim by. Dy gemeente wurdt op 1 jannewaris 2014 opheft. De gemeente Ljouwert hat dêrnei 108.000 ynwenners. Meiïnoar dogge der 10 partijen mei oan de ferkiezings.

    Hearrenfean

    Neist de gemeenten Ljouwert en Súdwest-Fryslân, krijt ek gemeente Hearrenfean in part fan Boarnsterhim. De gemeente Hearrenfean bestiet dan út hast 50.000 ynwenners. Yn dizze gemeente steane der 9 partijen op 'e list.

    De Fryske Marren

    Troch in fúzje tusken de gemeenten Gaasterlân-Sleat, Lemsterlân en Skarsterlân ûnstiet op 1 jannewaris 2014 de nije gemeente De Fryske Marren. Dit wurdt in gemeente mei 51.000 ynwenners. 9 partijen dogge mei oan de ferkiezings.

    (advertinsje)