Buro de Vries fan 2012-06-10T11:00:00

De tulpe-tiid is wol sawat ôfrûn, mar in oare bol, de kroanlely, stiet no wol folop yn bloei. V.o.f. De Keizerskroon yn Mullum is altyd dwaande mei it ferbetterjen fan dizze plant.

Cor Waringa fertelt yn Yn Memoriam aanst oer it libben fan Tine Idzenga. En Sjouke Lousma is ûnderweis by de tsjerke fan Ingelum.

Noardwâlde stiet bekind om it reidflechtsjen. 100 jier lyn waard dêr de Rietvlechtskoalle boud, en dat wurdt no fierd.

Fierders de kollum fan advokaat Tjalling van der Goot, en it nijsoarum mei Riemer van der Velde, Anje Wester en Omer Kaya.

 

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)