Buro de Vries fan 2012-06-03T11:00:00

40 Jier lyn waard de Fryske kring fan de stichting GEA oprjochte. Alle 80 leden hawwe geology as hobby, en sammelje bygelyks fossilen, mineralen of swerfkeien. Klaas Drint fan Drachten is ien fan harren en hy fynt geology letterlik by him thús om 'e hoeke...

 De supermerk yn Skerpenseel sil wer iepen! Sûker, bôle of griente is der net te keap, mar wol hiel oare kost: Keunst. Yn dizze buertsuper rinne de klanten net mei winkelkarkes, mar se kinne har meislepe litte yn de ferbylding fan OC Hooijmeijer. Syn "O.C. Markt" wurdt snein 10 juny iepene.

www.kunstaandescheene.nl

Sjouke Lousma treft ûnderweis gjin kij mar caravans yn de lisboksstâl.

En Cor Waringa sjocht werop op it libben fan Gjalt Bergsma.

De kollum fan Carolien Roodvoets giet oer de ripe frou.

Elkenien ferjit wolris wat, mar wat as dat struktureel wurdt, en úteinlik bliken docht dat je - op jonge leeftyd - al demint wurde? It barde by Tom Giliam. Hy en syn famylje fertelle.

www.tinz.nl

En hoe is't no mei Karst Berkenbosch?

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)