Boppeslach Argyf fan 31 maaie 2012

Op 6 Juny is it wer safier, it grutte fytsevenemint, de Alpe d'huzes. Tûzenen fytsers beklimme dan de Alpe d'Huzes foar it goeie doel, de KWF. Feline jier die ek ús sterke man Wout Zijlstra mei oan dizze tour de force. De 150 kilomgam 'lichte' Flits fan Folsgeare die dat foar de heit fan Stefan, in jonkje dat ferstoarn is oan leukemie. Mei Wout wiene we wiken yn training, hy krige sels noch tips fan profhurdfytser Lieuwe Westra. En dat hat seker holpen. Wout zijlstra folbrocht de tocht op heroyske wize....Mar oeh, wat hie de man it dreech. Yn Boppeslach argyf, noch ien kear...Wout en de Alpe d'Huez.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)