Boppeslach fan 2012-06-11T17:11:00

  • Boppeslach

Yn Boppeslach moandei in reportaazje oer Epke Zonderland. De Fryske topturner is wol wis fan dielname oan de Olympyske Spelen, nei syn geweldige prestaasjes de ôfrûne wiken, al moat it noch offisjeel bekendmakke wurde.
Yn Dronryp waard spile om de Midsimmer Cup. Yn Boppeslach in ferslach.
De Slachtemaraton is op 16 juny. De grutte favoryt is Erik Negerman, âld-Boalserter. De foarige edysje foel hy blesseard út, mar hy is no brând op in oerwinning. En hy hat in goed foarbyld. Gerrit Kramer wûn de Slachte twa kea, ek hy komt fan Boalsert. De beide maten sille mei ús it parkoers ferkenne.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)