Bosk

    Hoe fier giesto om ien te helpen?

    In oar besykje te helpen en dêrmei sels yn ‘e knipe komme. Yn de nije jeugddramasearje ‘Bosk’ fan Omrop Fryslân komt de fyftjinjierrige Justus yn de bosk in ferwyldere man tsjin en besiket him te helpen. Mar syn goede bedoelingen rinne út op in fûle striid. De searje is fan freed 25 novimber ôf te besjen op Omropfryslan.nl/bosk en letter ek op telefyzje. Yn de searje aktearje bekende akteurs en jonge nije talinten.

    Justus bringt syn fakânsje troch by omke en muoike op harren kampearbuorkerij by it bosk. As hy op in dei it paad bjuster is yn it bosk, komt hy in ferwyldere man mei in wûne tsjin. Justus beslút de man te helpen. Mar dat is net sa simpel as it liket. Yn syn besykjen de man te helpen kriget er te meitsjen mei ferskillende belangen, en syn eigen goede bedoelingen rinne út op in fûle striid. Bosk giet oer opgroeien, karren meitsjen, ferantwurdlikheid nimme en oer ferealens.

    De searje makket, tegearre mei it boek ‘Wês net bang’, diel út fan it ‘LêsNo’ projekt, wêrby’t it diel is om Frysk lêzen oantreklik te meitsjen foar jongerein yn it fuortset ûnderwiis. It projekt is op inisjatyf fan it Platfoarm Lêsbefoardering Frysk ta stân kaam en is in gearwurking fan Bibliotheekservice Fryslân, Cedin, Afûk, Omrop Fryslân en Tresoar.

    Bosk
    Online: fan 25 novimber ôf op Omropfryslân.nl/bosk.
    Film: op 25 desimber om 15.30 oere.
    Searje: fan 9 jannewaris ôf alle moandeis fan 18.45 ôf alle oeren op Omrop Fryslân Telefyzje.

    (advertinsje)
    (advertinsje)