Blog

De buorkerij van Johan en Ellen van Slooten

Nei in dei riden troch de Dordogne komme we oan by Johan en Ellen van Slooten. Fier fan de sneldyk, yn in heuvelachtich lânskip mei bosk en greide ha se hjir yn 2006 in buorkerij mei acht hektare lân kocht. Ien en al rêst, gean mar nei, hjir wenje likernôch 34 minsken per km2. De donkere swiere Cahors wyn komt hjir wei.

Johan en Ellen ha trije optykwinkels yn Fryslân; yn Akkrum, Dokkum en op De Jouwer. 'We binne hjir kommen fanwege de hynders'. Johan en Ellen ha Fryske hynders, mar thús yn Terherne hienen se dêr gjin plak foar. De hynders stienen op ferskillende lokaasjes yn Fryslân. Op in gegeven momint koenen se de winkels oer dwaan en doe't dit moaie plakje yn Frankryk him oantsjinne wienen de plannen foar in ferhuzing makke. Spitigernôch gong de oername net troch. Ellen is doe earst allinne mei de hynders nei Frankryk gongen, Johan bleau yn Fryslân by de winkels. In dreech jier. Ellen moast alles allinne útfine yn in frjêmd lân, mei sân Fryske hynders op stâl.

Der is in oplossing foar...

Monique Zuurbier en har man Rudi de Koning hienen blommekassen yn Harns. De gemeente woe de grûn graach hawwe en sa begûnen Monique en Rudi nei te tinken oer har takomst. Mei fakânsjes kamen se fansels regelmjittich yn Bretagne en Rudi, in echte hynsteman, hie altyd al belangstelling foar bisten. Fiif jier lyn hakten se de knoop troch en ferhuzen mei har bern nei Frankryk. We helje mei Monique de kij op en wylst Monique útein set mei melken ride wy fierder nei Jeroen.

Jeroen is de jongste broer mar mei it measte lân. Hy hat it smoardrok want it is no moai waar en it lân moat klear. Hy hat eins gjin tiid om ús efkes te wurd te stean. Wy sykje him op wylst hy op it lân oan it wurk is. As we om ús hinne sjogge ha we in moai sicht op it lân fan him: it is oeral om ús hnne. Syn broers ha him oerhelle ek biologysk te wurkjen. Hy skytskoarre der earst wat tsjin oan. Hy is, sa't er sels seit, wat rûger as syn broers.

...

Fan 'e moarn betiid de stâl troch mei Kees Zuurbier. Oer it algemien readbûnt fee, dochs bin der noch altyd in pear swartbûnte nijkommelingen fan de Tryntsjes en Martha's út Achlum. Krekt as syn bruorren buorkje Kees en Sytske biologysk. "It smyt mear op", seit Kees "mar dêr giet it net allinnich om. Ik hie myn nocht fan it spuitsjen". De kij rinne safolle mooglik bûten, der is genôch gers.

Dy moarns gean we noch nei Jan Zuurbier, in jongere broer fan Kees. Gelokkich ha we in goeie gids oan Sytske, se wit it paad yn dit moaie lânskip. Jan hat Wageningen dien en hat niget oan de fokkerij. Syn kij bin noch altyd swart-wyt. De keallen drinke yn groepkes fan fjouwer by ien ko. Jan is troud mei in Fransêze en hat trije bern.

Tusken de middei treffe we ek de âldste broer Jaap en syn frou Lutske. Jaap, Kees en Jan fertelle oer it âlderlik hûs, de earste jierren yn Bretagne en de 'werktuiggroep. De fjouwer bruorren diele foar in part it grut ark.
Meielkoar ite we grêpes, it echte Bretonske...

Tiisdeitejûn om in oere as 9 hinne ride we op in lyts dykje tusken de greiden yn Bretagne. It is hjir aardich heuvelachtich. By it plakje Kergrist Moëlou draaie we in enoarm hiem op. De pleats fan Kees en Sytske Zuurbier bestiet út in hûs en ferskillende loadsen en foar Frânske begripen in grutte stâl. Mei har soannen Nico-Jean (21) en Stephane (18) sitte se oan de itenstafel en we kinne sa oanskowe.

Kees en Sytske wienen 21 en 20 jier doe't se hjir kamen. Se fertelle dat se doe krekt in healjier ferkearing hienen. Kees hie mei syn âldere broer Jaap earder al de kar makke om nei Frankryk te gean om te buorkjen. Beide broers hienen twa pleatsen kocht. Se weagen de sprong, no 24 jier lyn. Letter kamen ek de broers Jan en Jeroen nei Bretagne en fiif jier lyn sus Monique mei har gesin.

We sliepe jûn yn in appartemint boppe de keuken. Moarn wurdt it in drokke dei, we sille alle bruorren en sus Zuurbier treffe.

Lês hjir...

Foar ien kear hie it G-team fan Heerenveense Boys fan Jeffrey van Uffelen in ferneamde coach; Foppe de Haan hat sneon it team fan Jeffrey coacht. Yn oanrin nei de Special Olympics stipet Foppe de Haan Jeffrey en syn team. It team fan Jeffrey hat wûn. Wolle jo witte mei hoefolle en wat Foppe ferwachtet fan it team mei de Special Olympics. Op 25 maaie wurdt yn Bynt de reportaazje oer de wedstriid útstjoerd.

De dowetil by Chateau le Val

Op it terrein fan Chateau le Val stiet in dowetille. Net in lyts hokje, mar in toer mei mear as 1000 hokjes. It fertelt wat oer hoe ryk de kastielhear west hat. Per hektare lân mocht hy ien dowepearke ha. Dêr moast de kening tastimming foar jaan. Chateau le Val hie eartiids dus mear as 1000 hektare grûn, no is it noch 5 hektare grut. De Fryske hynders ha in moai plak.

It kastiel hat ek noch in eigen boarne. Doe't Karin en Frans hjir kamen wie dit har drinkwetter en wosken se de klean hjir yn. Hjoed-de-dei wurdt de boarne net mear brûkt, mar it is in prachtich plakje dêr't je even hielendal ta rêst komme.

http://www.chateauleval.com/home.html

Lês hjir it foarige blogberjocht 'Fan in hûs yn Snits, nei in kastiel yn Normandië' of gean werom nei...

top