Nepal 2015

Ferslachjouwer Gerrit de Boer docht ferslach

Yn april 2015 waard Nepal troffen troch de swierste ierdbeving yn 80 jier. Tûzenen minsken kamen om it libben en yn it hiele lân wie de skea enoarm. Oeral yn Fryslân kaam help op gong en waard jild ynsammele, mei-inoar 250.000 euro.

No, in healjier letter, sjocht Omrop Fryslân yn Nepal by de weropbou. Ferslachjouwer Gerrit de Boer reizget fan 1 oant 14 oktober 2015 by ferskate Fryske projekten del en sil sjen wat der mei it ynsammele jild dien is. Hy docht alle dagen ferslach op Omrop Fryslân Radio en fersoarget op ynternet en de omrop-app in vlog.

(advertinsje)

Gerda Breeuwsma en Froukje Nijholt fan SMPN

Gerrit de Boer hie mei SMPN-bestjoersleden Gerda Breeuwsma en Froukje Nijholt in petear yn Nepal. Besjoch se hjir de folsleine ynterviews.

Tongersdei 15 oktober 2015

Gerrit de Boer is werom yn Fryslân en fertelt oer syn reis.

Vlog 4: gjin weropbou yn it binnenlân fan Nepal

Tiisdei 13 oktober 2015

Vlog 3: yn de bergen

Moandei 12 oktober 2015

Vlog 2: fan Kathmandu nei Gorkha

Woansdei 7 oktober 2015

Vlog 1: yn haadstêd Kathmandu

Tiisdei 6 oktober 2015

Moandei 5 oktober 2015

Gerrit de Boer hat op ferskate plakken yn de haadstêd Kathmandu west, lykas in flechtlingekamp en in skoalle. De weropbou yn it lân is dúdlik sichtber, mar se binne tige ôfhinklik fan jild om dat goed te dwaan.

Folgje Gerrit de Boer op Twitter

    Gerrit de Boer docht ek ferslach op Twitter.

    Gerrit de Boer oer syn reis nei Nepal

    (advertinsje)