In nij azc yn Harns, it proses fan binnenút

De opfang fan flechtlingen yn Fryslân krijt hieltyd mear foarm. Op It Hearrenfean, yn Balk, Snits en Dokkum wurdt al boud of hast boud.

De gemeente Harns sit noch yn de ûntwikkelingsfaze. In klankboerdgroep mei in lytse 50 bewenners sil de kommende tiid meitinke oer de komst fan dit AZC. De bou, de yntegraasje, it ûnderwiis en alle oare saken dy't by in asylsikerssintrum hearre komme yn dizze groep oan 'e oarder. Sy binne de sparringspartner fan de gemeente.
De kommende moanne folgje we de groep. Simone Scheffer, meiwurker fan Omrop Fryslân en ynwenner fan Harns hâldt in blog by.

(advertinsje)

Blog 3: De stekker derút

Hjoed waard it offisjeel en definityf bekend. It AZC yn Harns giet net troch. Begjin septimber like it der al op oan te gean, mar de advysgroep stie noch altyd klear om de tried wer op te pakken. Foar ús as dielnimmers fan de groep waard it yn de simmer al in bytsje dúdlik. We wiene sa fol entûsjasme oan de slach gien. Hiene al plannen betocht foar de ynrjochting, mar nei juny kaam der net folle reaksje mear op fan it COA. De gemeente krige ek net folle te hearren. De simmerfakânsje kaam deroan en eins lei alles in bytsje stil. De advysgroep frege om ynformaasje en woe eins fierder. Yn augustus hawwe we noch mei in tal minsken by mekoar west. De omwenners waarden hieltyd ûnrêstiger en de frustraasje begûn wol wat te kommen. By ús en ek de bestjoerders fan de gemeente. En doe kaam op 6 septimber it berjocht dat de AZC’s dêr’t noch net oan boud waard saneamd “on hold”setten waarden. De ynstream fan asylsikers wie folle minder, it COA wist net oft it noch wol nedich wie om ek yn Harns noch in AZC te bouwen. De advysgroep lei stil.

En hjoed kaam dan it definitive berjocht. De advysgroep kaam fannejûn by mekoar. Boargemaster Roel Sluiter en wethâlder Hein Kuiken wiene derby. Sluiter spruts de groep ta. By him en ek ús is dochs it gefoel dat der in hiel soad enerzjy en tiid opgien is oan neat. Neffens de boargemaster bart dat eins noait. Je wurkje foar in einrisseltaat. Soms duorret dat lang, soms koart mar eins is der altyd in einprodukt. En no dus net. Wethâlder Kuiken fertelt ús noch hoe dreech oft it bytiden wie om kontakt en dúdlikheid te krijen by it COA en dat dat by him ek faak argewaasje opwekte. Troch dy hâlding fan it COA krige hy ek al earder de yndruk dat se it net mear sa wichtich fûnen allegear. Dochs binne der positive saken út dizze groep te heljen. We hawwe der as ynwenners en ek bestjoer in soad fan leard. We hawwe sjoen dat minsken op in positive wize mei mekoar de skouders der ûnder sette kinne om wat te betsjutten foar minsken yn need. En dat, ek al binne der ferskillende mieningen en fisys en binne de belangen, ferskillend je ergens komme. Omwenners fielden har net altyd goed begrepen yn de groep, mar neffens Kuiken en Sluiter hiene dy as it fierder kaam wie wol mear oandacht krigen. Mar safier kaam it net.

Alle dagen komme der noch flechtingen oan yn Europa. Se sitte bytiden yn erbarmlike omstannichheden yn oare lannen. Yn tinten, kampen of ûnder de bleate himel. Mar de ynstream yn Nederlân is minder. Sa’t boargemaster Sluiter earder in kear sei, “ik kin de wrâldproblemen net oplosse, al soe ik it wolle”. We hiene hjir wis wat betsjutte kinnen, mar (foarearst) giet de stekker derút.

Blog 2: Wachtsje op it COA

It is efkes stil..

De advysgroep foar it azc Harns is yn ôfwachting fan nijs fan it COA. Nei de earste byienkomst dêr’t wy entûsjast dwaande west hawwe mei ideeën foar de ynrjochting fan de âlde fuotbalfjilden fan VV Harns is der eins net safolle bard. De man fan it buro dat ynrjochtingen docht foar it COA hat de ideeën meinaam, mar der is noch neat mei dien.

Sa’t elkenien wol wit is de ynstream fan flechtlingen minder en de needsaak fan azc’s behoarlik minder wurden. In azc yn Ljouwert is ôfsein en oare plannen binne op in sêft pitsje set.

Foar Harns jildt dat der yn septimber besjoen wurde sil oft de plannen echt trochset wurde. Wethâlder Kuiken en ek de advysgroep stean yn de startblokken, mar moatte dus noch efkes ôfwachtsje. Dat is oan de iene kant goed nijs, want as der minder flechtlingen komme soe dat betsjutte dat der minder minsken op de flecht binne, al liket it dêr net echt op. Oan de oare kant wolle je ek graach fierder. En dat is no wat we ek dogge. Mei de advysgroep wolle we dochs wer bymekoar komme en de plannen foar safier mooglik fierder útwurkje. Wethâlder Kuiken stiet ek op dat stânpunt. De tastân yn de wrâld is sa ûnstabyl dat je net witte wat der noch allegear op ús ôfkomt. Yntusken bliuwe de fjilden noch leech, wachtsjend op wat der wol of net komt.

Wurdt ferfolge..

Blog 1: It begjin

Op 25 maaie foel it definitive beslút yn ús gemeente. Der komt in azc foar de opfang fan 300 flechtlingen. Eins is it, ek al wie der wol wat protest, hiel maklik gien. De diskusje spitste 'm ta op wêr en net op wêrom. As entûsjast foarstanner fan de komst fan in azc melde ik my oan foar de klankboerdgroep. Meiprate en meitinke oer de takomst fan dizze minsken yn ús mienskip. Dat like my wol wat.

Foardat it beslút naam wie hiene we al ús earste byienkomst. In bytsje ôftaaste, sjen wat elkenien ferwachtet. Op dat momint wisten we ek net wat we no presys ferwachtsje moasten. Mar it positive gefoel oerhearske. We kinne aanst oan de slach!

Tongersdei 23 juny wie dan de earste echte byienkomst. It wurdt konkreter. It Balkland, de âlde fuotbalfjilden wurde omtovere ta azc-terrein. Yn it gemeentehûs komme we by mekoar. It is waarm, mar de riedseal sit fol. Boargemaster Roel Sluiter is der en wethâlder Hein Kuiken liedt de byienkomst. Hjoed is it ûnderwerp: de ynrjochting fan it terrein. It COA hat, sa ha we al heard, standert ôfmjittingen. Se wolle uniformiteit kwa romte. Alle azc’s lykje op mekoar. Oars soene der te grutte ferskillen komme. Yn Harns komme 300 minsken op oardel fuotbalfjild.

We krije in tekening te sjen fan it buro dat foar it COA azc terreinen ynrjochtet. Wat krap tink ik as ik it sjoch! En omwenners sjogge no hoe tichteby it is. Foar guon is it wol efkes skrikke. Mar, we kinne der op sjitte. Twa groepen krije de ynrjochtingstekening en gean der mei oan 'e slach. Briefkes, knippe en plakke en werynrjochtsje... fol entûsjasme skowe we mei gebouwen, boartersfjildsjes, betinke picknickplakken, meitsje oare útgongen en foaral mear grien. Omwenners dy't yn de groep sitte bliuwe soarchlik oer de útgong. Komme se no allegearre by ús foar de doar del is de fraach. Der ûntstiet diskusje.

Nei de kreative faze komme we wer mei de hiele groep by mekoar. De feroaringen wurde presintearre. Reinder Osinga, de man dy't de ynrjochting docht heart it oan, notearret en krijt de suggestjes mei. It jout de measte minsken in goed gefoel dat it derop liket dat der wat mei ús ynbring dien wurdt. Guon bliuwe lykwols skeptysk. Earst sjen, dan leauwe. En dat is it fansels ek. Mar it idee dat de boargers fan Harns meitinke kinne is posityf.
We wachtsje yn spanning ôf wêr't it COA en de gemeente mei komme. Der is noch in hiele wei te gean, mar de earste stap is setten.

Oer twa wike komme we wer by mekoar. Benijd hoe't de ynrjochtingskaart der dan útsjocht.

(advertinsje)
(advertinsje)