Noardewyn Live op it befrijingsfestival

Befrijingsdei giet fansels net foarby sûnder it feestje op it Noardewyn-muzykpoadium oan de kop fan De Grienewei/De Wissesdwinger. Ek dit jier hat presintator Willem de Vries wer in oantal top-acts útnûge lykas Twarres, De Hûnekop en De Doelleazen. In bysûnder optreden komt fan New Life, in koar fan Syryske flechtlingen. It programma is fan 13.00 oant 16.00 oere live te folgjen op Omrop Fryslân Telefyzje, op it festival spylje De Doelleazen noch wat langer troch.

Jûns is in kompilaasje fan it programma te sjen om 17.10 oere en dêrnei fan 18.20 oere ôf alle oeren. Sjoch foar mear ynformaasje oer it ‘Befrijdingsfestival’ op www.befrijdingsfestivalfryslan.nl.

Omrop Fryslân Radio hat op tongersdei 5 maaie ek folop omtinken foar alle aktiviteiten rûnom Himelfeartsdei en Befrijingsdei yn de Fryske haadstêd. Sa wurdt der ferslach dien fan it befrijingsfestival yn it sintrum fan Ljouwert en de blomkemerk. Fierder is der ek in seleksje fan de optredens op it Noardewyn-poadium op ‘e radio te hearren. Mei it keatsen yn Tsjummearrum wurdt ek de sport net fergetten op 5 maaie.

Programma 2016

 
13.00 – 13.05 Griet Wiersma - 'Frijheid'
13.05 – 13.25 New Life
13.25 – 13.40 Twarres
13.40 – 14.10 De Hûnekop
14.10 – 14.40 Marcel Smit & De Hiele Hannel
14.40 – 15.10 Mr. Wallace
15.10 – 15.20 Griet Wiersma
15.20 – 15.45 Magnetic Spaceman
15.45 – 16.30 De Doelleazen

It folsleine programma fan it befrijingsfestival is te finen op www.befrijdingsfestivalfryslan.nl.

(advertinsje)
(advertinsje)