De app fan Omrop Fryslân

    Update no de omropapp op Android en iOS! Klik hjirûnder op de júste link: 

    Get it on Google Play
    Get it on Windows Phone StoreGet it on Windows 8 Store

    Al it Fryske nijs op dyn iPhone, iPad, Android of Windows.

    Mei de nijsapplikaasje fan Omrop Fryslân hawwe jo altyd en oeral tagong ta it Fryske nijs. Lês en sjoch nei it lêste Fryske nijs. Mei Omrop Fryslân binne je altiten op ‘e hichte. Omrop Fryslân jout omtinken oan nijs, mar ek oan sport en kultuer. Fansels is ek it aktuele waarberjocht fan Piet Paulusma yn de app te besjen, mei de foarútsjoggen en de buienradar.

    Utstjoering Mist

    Op jo tillefoan, tablet of dekstopkompjûter mei Windows 8 of heger alle programma's fan de omrop weromsjen. Dat kin ek mei de app. Alle telefyzjeprogramma's binne te sjen yn de app en maklik te finen.

    Fuortendaliks op de hichte fan it belangrykste nijs

    Troch middel fan push-notifikaasjes hâldt Omrop Fryslân jo op de hichte fan it belangrykste nijs. By grutte nijssaken en foarfallen krije jo op jo telefoan of tablet in notifikaasje. Sa misse jo neat mear.

    Live Telefyzje en Radio

    Jo kinne mei de app altyd en oeral live sjen nei Omrop Fryslân Telefyzje en live harkje nei Omrop Fryslân Radio (92.2 FM). Mar ha jo ek tagong ta temakanalen lykas it Koperkanaal, de Fryske top 100 en Klipkar. Dêrneist is Teletekst te besjen fia de app. 

    Kinne jo de app net mear ynstallearje?

    Hawwe jo in âlder type Android smartphone of tablet (fan Android ferzje 2.3.4 o/m Android ferzje 4.3), dan kinne jo net mear fia gebrûklike wize de Omrop-app downloade yn ‘e Google Play Store.

    Lykwols kinne jo fia de ûndersteande stappen noch de foarige ferzje fan de Omrop-app downloade.

    1. Gean nei “Instellingen>Beveiliging”
    2. Klik dêr “Onbekende Bronnen”  oan en soargje derfoar dat it finkje oan stiet.

    3.a Download de âlde Omrop-app foar smartphones fia www.omrop.fr/omropapp
    3.b Download de âlde Omrop-app foar tablets fia www.omrop.fr/omroptabletapp

    4. Sjoch oft der in File Manager (Bestânsbeheer-app) op jo telefoan stiet. Hjirmei kinne jo it krekt downloade bestân iepenje. Hawwe jo noch gjin Bestânsbeheer-app, download dan Astro File Manager.
    5. Klik yn de File Manager op “Recent” en klik omrop_fryslan_v5.3.2.apk (of Omrop Fryslan_nl.omropfryslan.android.tablet.apk foar tablets) oan.
    6. Ynstallearje no de âlde Omrop-app.

    (advertinsje)
    (advertinsje)