Skiednis Omrop Fryslân

  • 1946: De Regionale Omroep Noord (RON) fersoarget Nederlânske útstjoeringen foar Fryslân, Grinslân en Drinte. Jierren ’50: De Ron wurdt de RONO en makket diel út fan de NOS. Fan de Prinsetún yn Ljouwert wei wurdt in Frysktalich programma útstjoerd.
  • 1978: De RONO wurdt opsplitst yn 3 regionale omroppen: Noord, Oost en Fryslân.
  • 1979: Sniewinter. Radio Fryslân is hiele dagen yn de loft mei it lêste nijs oer de snie. Dit leveret úteinlik mear stjoertiid op.
  • 1988: Radio Fryslân set útein as folslein selsstannige omrop. De namme feroaret yn Omrop Fryslân, want neist radio wurdt ek televyzje makke.
  • 1994: Omrop Fryslân set útein mei regionale televyzje. Fia de eter en de kabel wurdt alle dagen fan 17:50 oere ôf oardel oere lang Fryske televyzje útstjoerd, dy’t yn karrûselfoarm herhelle wurdt.
  • 1999: Alle ôfdielingen fan de Omrop komme ûnder ien dak te wurkjen oan de Suderkrúswei, op bedriuweterrein De Hemrik yn Ljouwert.
  • Hjoed-de-dei: De Omrop docht folop mei oan alle fernijjingen op it mêd fan nije media en digitalisearring. Sa is de omrop warber op platfoarms as YouTube, Twitter en Facebook en hat Omrop Fryslân ek eigen applikaasjes foar Smart TV's, tablets en mobile tillefoans mei in Android-, iOS- (Apple) of Windowsbestjoeringssysteem.
(advertinsje)
(advertinsje)