Drege tiden foar de swan Jochum Hamstra skildert syn skippersfamylje Sjouke Lousma ûnderweis Rock 'n roll frou Ella Mae Morse En de Soldaat van Oranje holp it Frysk ferset
It is drok yn de Fûgelhelling by Oerterp. Fûgels ha it dreech mei sa'n lange winter en dat merke se dêr. Se fange op it stuit trije kear safolle fûgels op as oars. Benammen swannen wurde mear binnenbrocht. It Buro seach by Hetty Sinnema en har fûgels.
De keunstner Jochem Hamstra is mei in nijsgjirrich projekt dwaande: hy skildert syn skippersfamylje. Fan âlde foto's makket er skilderijen, yn totaal 52. Fierders is er op syk nei materiaal dy't it ferline fertelle, krante-artikels of foto's. De Hamstra's komme út de omkriten fan It Hearrenfean, se wennen op skûtsjes; se hannelen yn fodden, âld izer en manufaktueren.Buro de Vries gong by Jochem Hamstra op besite yn Grins.As jo ferhalen of foto's oer de famylje Hamstra ha, kinne jo Jochem Hamstra belje: 050-3114855
Sjouke Lousma reizget troch de provinsje. De petearen dy't er ûnderweis hat, stjoert Buro de Vries alle sneinen krekt foar tolve oere út. Hjoed kuiert er op it iis.
De soldaat fan Oranje, Peter Tazelaar, holp it Frysk ferset. De ridder en rebel soarge derfoar dat de Friezen harsels befrije koene. Victor Laurentius hat der in boek oer skreaun. We gean werom nei de nacht van 1 op 2 novimber 1944.Mear ynformaasje oer it boek is te finen op: http://www.petertazelaar.nl/
Ivo Poelsma slút it Buro alle sneinen ôf mei in (suver) fergetten ferhaal út de Amerikaanske muzykskiednis.
Reaksjes op in ûnderwerp of útstjoering? Graach! Mail se nei BuroDeVries@omropfryslan.nl.
Buro de Vries siket it út! Moaie dokumintêres, nijsgjirrige gasten, ferrassende gesprekken: Buro de Vries giet de djipte yn. Mei in soad omtinken foar natuer, kultuer en skiednis, en mei Sjouke Lousma ûnderweis, besoarget Buro de Vries jo in noflike sneintemoarn. Harkje nei Buro de Vries, alle sneinen fan 11.00 oant 13.00 oere.