Van der Velde hat muoite mei de advysrol
|
Van der Velde: twifel oer rol
 13-06-2007 | 12:52 |
|
Riemer van der Velde twifelet oan syn eigen rol as adviseur fan sc Hearrenfean. Van der Velde naam yn oktober ôfskied as foarsitter. Hy waard doe beneamd as eare-foarsitter. Hy soe ek trochgean as adviseur fan de nije direksje.
No, nei acht moanne, freget Van der Velde him ôf oft dat wol sa'n goed idee wie. Hy is ek kritysk oer it beleid ûnder syn opfolger koos Formsma.
,,De nije direksje moat oan my wenne en oarsom, en dat is net maklik", sa seit Van der Velde.
|