Webdoku 'It Frysk hynder'

It Swarte Goud fan Fryslân: it Frysk hynder. Keningshuzen oer de hiele wrâld hâlde fan it hynder, de bisten spylje sels yn Hollywoodfilms en ynspirearje keunstners en sirkusartysten ta spektakulêre foarstellingen. Mar it Frysk hynder is noch folle mear. Yn dizze webdoku wurde alle aspekten fan dit majestueuze bist beljochte. Mei de moaiste bylden, persoanlike ferhalen en ynternasjonale suksessen.  

De webdoku is it bêste te besjen yn de resolúsje 1920 x 1080 pixels.

It Frysk hynder by Omrop Fryslân

Noch net genôch hân fan it Frysk hynder? Besjoch dan ek 'It Swarte Goud', in rige fan fiif dokumintêren fan Fryslân DOK. Omrop Fryslân stjoert ek alle jierren de hynstekeuring út. Ek wie der yn 2014 it muzykteaterspektakel 'Faderpaard', in bysûnder teaterstik mei mear as hûndert Fryske hynders yn it ramt fan it 135-jierige jubileum fan ‘Het Friesch Paarden-Stamboek’.

(advertinsje)
(advertinsje)