In CD of DVD bestelle

Alle radio- en telefyzjeprogramma’s fan Omrop Fryslân binne nei de útstjoering noch werom te sjen of te beharkjen op ús website fia de opsje ‘Utstjoering mist’.

De programma’s dy’t wy op de webside oanbiede kinne jo net downloade. Omrop Fryslân biedt jo wol de mooglikheid om radio- en telefyzjeprogramma’s of reportaazjes te bestellen op CD of DVD.

DVD 'It Swarte Goud'

De DVD fan de dokumintêrerige It Swarte Goud is te bestellen fia www.itswartegoud.nl.

Dêr binne wol betingsten oan ferbûn:

* De rjochten op it materiaal bliuwe eigendom fan Omrop Fryslân. * It materiaal mei inkeld en allinne foar ynformative en/of edukative doelen brûkt wurde. It materiaal mei op gjin inkelde wize fermannichfâldige en/of brûkt wurde foar kommersjele doelen. It materiaal mei allinne toand wurde yn in saneamd 'besletten fermidden' en mei net oerdroegen wurden oan tredden. Tsjin misbrûk sil troch Omrop Fryslân optreden wurden. Oan de CD/DVD en/of oan it toande kin op gjin inkelde wize rjochten ûntliend wurde. As jo fragen hawwe oer de betingsten, nim dan kontakt op mei Omrop Fryslân fia it telefoannûmer
058 – 299 77 99.

In CD of DVD bestelle

Programma’s of fragminten dy’t net langer as 3 moannen lyn útstjoerd binne, kinne besteld wurde fia de eksterne sjoggersservice fan Omrop Fryslân. De kosten foar in DVD binne € 34,45 (ynklusyf BTW en ferstjoerskosten). De kosten foar in CD binne € 29,45 (ynklusyf BTW en ferstjoerskosten). Klik hjir foar it digitale bestelformulier yn it Frysk Klik hier voor het digitale bestelformulier in het Nederlands As it jo net slagget om fia it webformulier in bestelling te dwaan, dan kinne jo kontakt opnimme mei de sjoggersservice, Kijkersservice.nl yn Doetinchem, fia it telefoannûmer: 0314 - 399 055. Foar programma’s of fragminten dy’t âlder binne as 3 moannen, kinne jo kontakt opnimme mei de resepsje fan Omrop Fryslân, fia it telefoannûmer: 058 – 299 77 99. Der wurdt dan útsocht oft it materiaal noch beskikber is en wat de kosten binne om it materiaal op CD of DVD te setten (dat is ôfhinklik fan de tiid dy't dat kostet foar ús meiwurkers).

(advertinsje)
(advertinsje)