Aginda

Rjochts sjogge jo in oersjoch fan eveneminten fan hjoed. Meitsje in seleksje hjirûnder om oare eveneminten op te freegjen.
 

Agindatip

Septimber-Kuiermoanne
Tongersdei 2 septimber om

Septimber-Kuiermoanne
Fryslân, Gaasterlân
De moanne septimber is yn Gaasterlân útroppen ta kuiermoanne. Der is in rûte fan sa'n 12 ...

Agindatips fan Hjoed

Tongersdei 2 septimber

Agindatips Jubileumútstalling 
Earnewâld, Galery Koopmans
Yn Galery Koopmans yn Earnewâld rint noch oant en mei 4 septimber 2010 de jubileumútstalling Underweis. Fierd wurdt it 10-jierrich bestean fan Galery Koopmans. Te sjen is ûnder mear wurk fan Klaas Koopmans, Abe Gerlsma, Janneke Hengst en Hans Jouta. Mear ynformaasje is te finen op www.galeriekoopmans.nl
 www.galeriekoopmans.nl
Agindatips Eksposysje Luchtvaartpioniers 
It_Hearrenfean, Museum Willem van Haren
Yn Museum Willem van Haren op It Hearrenfean rint noch o/m 3 oktober 2010 de útstalling Luchtvaartpioniers, Van Maasdijk 1910. It is dit jier 100 jier lyn dat fleaner Clément van Maasdijk syn histoaryske flucht makke boppe It Hearrenfean. Hy stie dêrmei oan it begjin fan de loftfeart yn Nederlân. Yn 'e eksposysje omtinken foar Clément van Maasdijk en de loftfearthistoarje fan ús lân.
 www.willemvanharen.nl
Agindatips Eksposysje 'Icons of Tomorrow' 
Drachten, Museum aan de A7
Under de titel 'Icons of Tomorrow' is fan 10 augustus oant en mei 26 septimber 2010 yn it 'Museum aan de A7' yn Drachten resint wurk te sjen fan fotograaf Jason Stuurhaan.
 www.museumdrachten.nl
 www.stuurhaan.com
Agindatips Eksposysje Jan Roelof Kruithof 
Hylpen, 'Het Eerste Friese Schaatsmuseum'
Yn it 'Eerste Friese Schaatsmuseum' yn Hylpen is woansdei 1 septimber de iepening fan in eksposysje oer de sportkarriêre fan reedrider Jan Roelof Kruithof. Hy wie yn de jierren '70 fan de foarige ieu de bêste reedrider op natoeriis. Spitigernôch ha der doe gjin alve-stêdentochten west. Kruithof hat wol njoggen kear winner west fan de alternative alve-stêdentocht.
 www.schaatsmuseum.nl
Agindatips SUP lessen 
Fryslân, Snits, Sleat, Warkum, Harns, Frjentsjer, Dokkum, Ljouwert
Fan 1 o/m 5 septimber wurde yn Snits, Sleat, Warkum, Harns, Frjentsjer, Dokkum en Ljouwert fergees saneamde Stand Up Paddle lessen oanbean. Oanmelding kin fia info@supfryslan.nl (06-482 733 96). Mear ynfo op 'e website
 www.supholland.com
Agindatips Eksposysje 
Easthim, Galery Oosthem
Yn galery Oosthem yn Easthim is snein om trije oere de iepening fan in nije eksposysje mei objekten en bylden fan Bert Otter en skilderijen fan Marten Alkema. De galery is fierder iepen op tongersdei, freed en sneon fan 11-17 oere. De eksposysje duorret o/m 16 oktober 2010.
 www.galerieoosthem.nl
Agindatips Down South 
Ljouwert, Techum-Súdlannen
Tryater bringt fan 31 augustus o/m 26 septimber de foarstelling 'Down South'. Muzykteater op lokaasje, mei bekende Fryske spilers, in manljuskoar, in graafmasine en in ko. Geskikt foar de hiele famylje, fan 8 jier ôf.
 www.tryater.nl
Agindatips Van Maasdijk feesten 
It_Hearrenfean, Ferskillende lokaasjes
Op It Hearrenfean binne fan 28 augustus o/m 4 septimber de Van Maasdijk feesten. De plande loftsportdemonstraasje op sneon 28 augustus wurdt, fanwege de waarsomstannichheden, ferskood nei sneon 4 septimber (fan 13.00-19.00 oere oan de Domela Nieuwenhuiswei. It hiele programma is te finen op 'e website www.clementvanmaasdijk.nl
 www.clementvanmaasdijk.nl
Agindatips Septimber-Kuiermoanne 
Fryslân, Gaasterlân
De moanne septimber is yn Gaasterlân útroppen ta kuiermoanne. Der is in rûte fan sa'n 12 kilometer útstippele lâns it eardere Belgyske kamp 'Boschkant', troch de bosk fan Elfbergen en de Bremer Wyldernis. De tocht begjint by it ynformaasjesintrum Mar en Klif yn Aldemardum. Hjir is ek in rûte-beskriuwing te krijen. Mear ynformaasje is te finen op www.marenklif.nl
 www.marenklif.nl
Agindatips 10:00 - Allegoaryske optocht 
Sint_Nyk, Sintrum
Yn Sint Nyk is alle earste tongersdeis fan septimber de tradisjonele Allegoaryske optocht. Dit jier al foar de 60ste kear. De optocht is twa kear te sjen: moarns om tsien oere en jûns om healwei njoggenen. Sa'n 20 weinen sille ûnder begelieding fan muzykkorpsen en showbands troch de strjitten ride. Nei ôfrin is der in Taptoe yn de Doniahal.
 www.allegorischeoptocht.nl
Agindatips 13:30 - Eksposysje kantklossen 
Koartehimmen, Tsjerkje
Yn it tsjerkje fan Koartehimmen wurdt op sneon 7 augustus in eksposysje iepene mei kantkloswurk fan Addie Mellema út Mitselwier. De eksposysje kin besjoen wurde op alle sneonen yn augustus en op 4 en 11 septimber. Alle kearen fan healwei twaën oant healwei seizen. n.b. sneon 14 augustus is it tsjerkje net iepen!
Agindatips 14:00 - 'De bodem vertelt' 
Kollum, De Aldheidskeamer
Yn De Aldheidskeamer yn Kollum is de útstalling: 'De bodem vertelt' te sjen. Yn dizze eksposysje binne hûnderten foarwerpen te sjen dy't yn de omkriten fan Kollum fûn binne mei in metaaldetektor. It museum is iepen fan woansdei oant en mei snein, fan twa oant fiif oere.
 http://www.oudheidkamerkollum.nl/
Agindatips 19:30 - Doarpsfeest 
Hurdegaryp, Feesttinte
Foar it earst nei 22 jier is der yn Hurdegaryp wer in doarpsfeest organisearre. Tongersdeitejûn is der in muzykfeest yn 'e feesttinte mei meiwurking fan Anneke Douma, Agnes Sambrink en de pleatslike koaren Aan Lager Wal en Tusken Wal en Schip. It doarpsfeest duorret noch o/m snein.
Agindatips 20:00 - Oargelkonsert 
Ljouwert, Koepeltsjerke
Jan Hage jout tongersdei in konsert op it Vermeulen-oargel yn de Koepeltsjerke. Om acht oere.
Agindatips 20:30 - Pake Sytse 
De_Feanhoop, Arke Rink van der Velde
By it skriuwersarkje op 'e Feanhoop binne fan 1 o/m 18 septimber opfierings fan it iepenloftspul 'Pake Sytse'. De haadrol wurdt spile troch Freark Smink, de muzyk wurdt fersoarge troch akkordeonist Herman Peenstra en sjonger Gurbe Douwstra.
 www.pakesytse.nl
Agindatips 21:00 - Iepenloftspul Jorwert 
Jorwert, Notaristún
Yn 'e notaristún yn Jorwert binne fan 26 augustus o/m 18 septimber opfierings fan it iepenloftspul Jorwert. Brocht wurdt dit jier de produksje 'Feest', in eigen bewurking fan de Deenske film 'Festen'. Alle foarstellings begjinne om njoggen oere.
 www.iepenloftspuljorwert.nl
Agindatips 21:30 - Doarpsfeest 
Nijlân, Sintrum
Yn Nijlân begjint it twajierlikse doarpsfeest tongersdeitejûn mei in optocht mei fersierde weinen. Om healwei tsienen. It feest duorret o/m sneitemoarn en wurdt ôfsluten mei in tintetsjerketsjinst.
Harkje live Harkje live Sjoch live Sjoch live
Taal
Wurdlist   Nederlânsk   Ingelsk  

Kalinder

 
mo ti wo to fr sn sn
303112345
6789101112
13141516171819
20212223242526
27282930123
45678910
< foarige | folgjende >
Fries Uitburo
Fries Uitburo
© 2010 Omrop Fryslân
Afûk
Tryater
Open dag Leeuwarden o.i.m.
Bestel hjir de cd fan Griet Wiersma!
Flaeijelfeest